Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ009212

Een mop (mondeling), zaterdag 20 augustus 1966

Hoofdtekst

Der wie in jonge dûmny, dy wie krekt klearkom fan syn stúdzje en stie nou ergens op in doarp. Hy hie twa maten, de iene learde ta dokter, de oare ta advokaet. Dêr wie er oars altyd by, doe't er noch studearde, mar dat wie nou út. Op in kear noadige hy de beiden yn 'e pasterije. Sy dronken nochal hwat slokjes. De beide maten seinen: "Nou doarst fansels noait mear to flokken." Mar de jonge dûmny sei: "Ik doar wol to flokken op 'e preekstoel wylst it folk yn 'e tsjerke sit." Dat woenen de beide oaren net leauwe. Dat dêr wedden se om.
De oare sneins soe 't dan mar oangean. De twa studinten sieten ek yn 'e tsjerke.
Dûmny preke oer de sûndichheit fan 'e jeugd. Ik wie forline wike yn in plak sei er, dêr wie 't merke.
Minsken minsken, hwat koe it jongfolk der dêr hwat mei. Flokke: It wie it iene Godfordomme nei it oare. En bliksem en duvel - dat myn earen sûzen derfan. En sa preke dûmny fierder. Hy neamde it iene flokwurd nei it oare, mar paste wol op, dat in oar it sein hie.
Sa woan hy de weddenskip.

Onderwerp

AT 1839B - Sermon Illustrated    AT 1839B - Sermon Illustrated   

ATU 1839B - Sermon Illustrated.    ATU 1839B - Sermon Illustrated.   

Beschrijving

Een jonge dominee die net klaar is met zijn studie nodigt twee vrienden - een dokter en een advocaat - uit bij hem thuis. Ze drinken nogal wat, en de vrienden sluiten met de dominee een weddenschap af. De vrienden denken dat de dominee nu nooit meer durft te vloeken, maar de dominee verklaart zelfs te durven vloeken in de kerk. De volgende zondag preekt de dominee over de zondigheid van de jeugd en spreekt hij zijn afkeuring uit over het feit dat de jongeren de ene 'godverdomme' op de andere laten horen. Hij somt nog een hele reeks scheldwoorden van de jeugd op en wint de weddenschap.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 92, verhaal 12 (archief MI)

Commentaar

20 augustus 1966
Sermon Illustrated

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21