Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ013008

Een sage (mondeling), dinsdag 13 december 1966

Hoofdtekst

Yn 'e Fûgelkamp yn 'e Harkema wenne Iebel de Wind. Dy hie in bern, dat wie net goed. Tiet kom dêr in protte oer de flier. Der woarde Tiet wol neijown, dat se tsjoene koe. Sy mat it wiif fan Piter Rauwerda ek bitsjoend ha in jiermennich lyn.
Dat bern fan Iebel, dat tsjirme. Doe sei Hindrik syn mem (de skoanmem fan Iebel): "Ik hâld it der foar, it bern is bitsjoend. Snij it kessen mar us iepen."
Doe dienen se dat en doe kom der in krâns út.
Dy wie omtrint klear. "En ik wyt ek wol hwa't de tsjoenster is," sei Hindrik syn mem, "dat is Tiet, net ien oars!"
Tiet hie dêr in skoftsje lyn mei de kroade lâns west om baelders op to heljen. Doe't se werom kom fleach Iebel ta 't hûs út en sy sprong oer de kroade mei baelders hinne en sy hat Tiet dêr in dik wân op 'e hûd jown. "Dû âlde tsjoenster," sei se, "dû mast it hart us yn 't liif ha en set wer in poat by my binnendoar. Ien bern fan my hast al hast dea!"
It bern is wer better woarn.
Tiet leeft noch. Sy wennet hjir yn Bûtenpost.


Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

In het hoofdkussen van een betoverd kind werden een krans gevonden. De moeder verdacht de vrouw die de turf ophaalde ervan het kind betoverd te hebben. De eerstvolgende keer dat de vrouw weer aan de deur kwam, heeft de moeder haar weggejaagd. Het kind is weer genezen.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 130, verhaal 8

Commentaar

13 december 1966
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Overig in Tekst

Fûgelkamp    Fûgelkamp   

Iebel de Wind    Iebel de Wind   

Tiet    Tiet   

Piter Rauwerda    Piter Rauwerda   

Hindrik    Hindrik   

Naam Locatie in Tekst

Harkema    Harkema   

Bûtenpost    Bûtenpost   

Buitenpost    Buitenpost   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21