Hoofdtekst
Moster en Eek.
It gebeurde us by in boer, dat der in roversbinde ta de hûs ynsetten kom. Dy binde woe de hiele famylje deameitsje, mar earst woenen se lekker ite, hwant se hienen honger. It iten woarde foar de binde klearmakke. Allerhande lekker spul stie op 'e tafel.
Doe sei de boer bidaerdwei: "Wolle jim der ek moster en eek by ha?"
Dat like de hearen goed ta.
Doe sei de boer tsjin 'e greatfeint: "Helje dû Moster en Eek."
Dêr kom Jan werom mei twa forwoeste greate hounen, dy't der útseagen as liuwen. Dat wienen Moster en Eek.
"Moster en Eek, pak se", sei de boer.
Yn in omsjoch knapten de beide hounen de strôten fan 'e rovers stikken, dat de iene nei de oare foel kroandea del.

Onderwerp
AT 1530* - The Man and his Two Dogs   
ATU 1530* - The Man and his Dogs.   
Beschrijving
Een roversbende overvalt een familie. Voor ze iedereen doden, willen ze graag lekker te eten hebben. Als ze eenmaal aan tafel zitten met allerlei heerlijkheden om zich heen, vraagt de boer of ze er ook 'moster en eek' bij willen hebben. Dat vinden de rovers wel een goed idee. De boer haalt vervolgens 'Moster en Eek' die twee grote honden blijken te zijn. De dieren laten niets over van de mannen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 174, verhaal 4 (archief MI)
Commentaar
15 oktober 1966
The Man and his Two Dogs
Naam Overig in Tekst
Eek   
Jan   
Naam Locatie in Tekst
Moster   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21