Hoofdtekst
De dûmny en de rovers.
Der wie in dûmny, dy moest nei in oar plak ta to preekjen. Hy ried op in hynderke. Doe kommen der rovers oan, dy foelen him oan. Hja klaeiden de dûmny hielendal út, sy bounen syn polsen fêst en smieten him doe yn 't wetter. It hynderke nommen se mei.
Mar de dûmny krige de touwen, dêr't er mei boun wie, los en, alhiel neaken, sette er de rovers achternei.
Hja wienen nei in herberch tagien, en dêr giet de dûmny èk hinne. Hy docht de doar iepen, de faem komt foar. Hy seit: "Jow my jou skelk." Dy bynt er foar en dan fortelt er, hwat der gebeurd is.
De plysjes wurde der by helle. It hynderke stiet op 'e stâl en bigjint to wrinzgjen as it de baes sjocht.
De rovers wurde oppakt en dûmny kriget syn klean wer en hy is noch krekt op tiid foar de preek.

Beschrijving
Een roversbende valt een dominee te paard aan. De rovers kleden de dominee helemaal uit, binden zijn polsen vast en gooien hem in het water. Het paard nemen ze mee. Maar de dominee weet zichzelf te bevrijden en zet naakt de achtervolging in. De dominee volgt de schurken tot in het café en daar wordt de politie ingeschakeld. De dominee krijgt zijn paard en kleren terug en is toch nog precies op tijd voor de preek.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 174, verhaal 6 (archief MI)
Commentaar
15 oktober 1966
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21