Hoofdtekst
Hiske de Bruin fan Twizelerheide noadige my us út om kofje. Ik dronk twa kopkes leech en krige der in koekje by. Mar ik koe 't hast net troch 't kielsgat krije, ik woarde der mislik fan. Ik stie de saek net, hwant ik fortroude Hiske net.
Sels krige se in bak mei tsiis.
Doe sei 'k tsjin har: "Nou mat ik der út, ik wurd sa raer."
Der wie skerpe tried spand tusken ús hiem en harres. Doe't ik ûnder 'e tried troch wie, koe 'k net mear prate. Alles roan my ta de mûle út.
Achter hûs spuide ik sa bot, dat de bôlle flapte my ta de hals út. Doe kom ik yn 't achterhûs. Dêr spuide ik noch us by de groppe.
Myn buorwyfke kom by my. Ik seach der út as in lyk. Sy sei: "Mar gau op bêd."
Doe ha 'k in hiel great read stik rau fleis útspuid.
Hiske wie in greate tsjoenster. Mar sy hat gjin macht oer my krije kind, hwant doe't ik dat fleis útspuid hie, wie ik wer better.
Ik liet it myn buorwyfke sjen, dy sei: "Dat is tsjoenderij. Dat kin men samar sjen."

Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
Beschrijving
Een vrouw gaat koffie drinken bij een heks en wordt erg misselijk van een koekje. Op weg naar huis kan ze ineens niet meer praten en moet ze verschrikkelijk overgeven. Voor de ogen van een buurvrouw spuugt de vrouw een groot stuk rauw vlees uit. De buurvrouw verzekert haar dat er sprake is van hekserij. De heks heeft echter geen vat kunnen krijgen op de vrouw, omdat de vrouw na het uitspugen van het stuk vlees direct weer beter is.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 192, verhaal 6 (archief MI)
Commentaar
30 april 1967
Heks maakt kind (mens) ziek
Naam Overig in Tekst
Hiske de Bruin   
Hiske   
Naam Locatie in Tekst
Twizelerheide   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21