Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ019207

Een sage (mondeling), zondag 30 april 1967

Hoofdtekst

Piter Kempenaar syn wiif Hindrikje wie ek in tsjoenster. Dy wenne ek op 'e Twizelerheide. Dy hat my in jier ûnder har wjokken hawn.
Japik, myn man, hie in húske kocht, dat stie njonken harres. Hy wie der oan 't wurk mei de tún, doe wennen wy der noch net. Ik gong nei him ta en sei: "Hoe fier bist mei de tún, Japik?"
"Ik mat hjoed jerappels sette", sei er.
Ik bleau in skoftsje by Japik stean.
Doe't wy sa in setsje op 'e tún stean hienen, rôp Hindrikje ús om thé. Doe't wy dat hawn hienen, gongen wy wer nei de tún ta.
"O, Japik, hwat wurd ik raer!" sei 'k. Ik gong mei de bern nei Japik syn heit en dy's hûs ta.
"Hwat sjochste raer", sei Japik syn heit.
Ik krige pine ûnder 't ear en doe gong it nei de holle oer. En dy pine herhelle him elke dei. Altyd krige ik pine om deselde tiid. In skoft letter hâldde it dan ek wer op.
Doe gongen wy dêr hinne to wenjen. Alle middagen om trije ûre bigong by my de pine oan it ear. Dat hat in jierlang duorre.
Doe sei ús fanke op in kear tsjin Japik: "Heit, hjir is altyd in fremde kat." Dat wie altyd krekt om 'e tiid dat ik de pine hie.
"As dy der moarn wer is, mast my warskôgje", sei Japik.
De oare deis krige ik wer sa'n pine. 't Fanke gong nei 't achterhûs ta en doe siet dy fremde kat dêr wer op 'e souder. Doe gong Japik by de souder op. Dêr siet dy kat, mei egen yn 'e kop as koallen fjûr. Japik joech dy kat mei de fûst in trewinkel dat hy hat dy hiele kat noait wer sjoen. Dy hie genôch. En myn pine wie oer.
Twa dagen letter roan Japik Hindrikje foarby. Doe roan se mei in doek om 'e holle en sy woe neat tsjin Japik sizze.
Doe hat Japik nei âlde Wopke Minke ta west yn Kûkherne. Minke sei, wy moesten Hindrikje yn 'e rekken hâlde en noait wer hwat fan har oannimme.
Ik ha der wol in jier mei om roan, doe wie 'k wer klear.









Onderwerp

SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.    SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.   

Beschrijving

Een echtpaar drinkt thee bij een heks en kort daarna wordt de vrouw gekweld door heftige oor- en hoofdpijnen. De pijn keert iedere dag op hetzelfde tijdstip, drie uur 's middags, terug en blijft een jaar aanhouden. Precies om drie uur 's middags zit er ook altijd een vreemde kat in de tuin. De man geeft de kat een flinke oplawaai en prompt verdwijnt de pijn. De dag erna loopt de buurvrouw van het stel met een doek om het hoofd rond. De buurvrouw is een heks: in kattengedaante zorgde ze ervoor dat de vrouw pijn bleef lijden.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 192, verhaal 7 (archief MI)

Commentaar

30 april 1967
Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.

Naam Overig in Tekst

Piter Kempenaar    Piter Kempenaar   

Hindrikje    Hindrikje   

Japik    Japik   

Wopke Minke    Wopke Minke   

Naam Locatie in Tekst

Twizelerheide    Twizelerheide   

Kûkherne    Kûkherne   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21