Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ021002

Een sage (mondeling), maandag 30 mei 1966

Hoofdtekst

Ik wie al tiden siik. Ik iet net en ik woarde by de dei megerder. Dokter koe my net helpe. Ik gong sjenderegen achterút. Doe sei dokter op in kear: "Jo matte der us út."
Mar ik hie nergens sin oan. Ik bleau thús.
Moar op in peaskemendei wie Piter (myn man) thús fan 't wurk. Doe sei Piter: "Nou mastû der us út. Ik hûswarje wol. Fyts dû mar us nei Eastemar ta." (Dêr wennet in dochter fan my. Dat is ús Saek) Dat die ik en Piter bleau thús. Hy makke thé en wylst tocht er: "Hwat mei Lys eins skille?"
It wie yn 'e simmer fan 1954. En doe wie 't krekt as woarde it him ynjown: Miskien is se wol bitsjoend. Dat Piter gong nei 't bêd ta en krige myn kessen. Hwant hy tochte: "Dêr kin bêst in krâns yn sitte." Mar hy lei 't ek wer del en bigong to krantlêzen.
Saekje brocht my wer út Eastemar nei hûs ta en ik rekke fuort wer op bêd.
Doe sei Piter: "It woarde my ynjown, dû koest wol us bitsjoend wêze. En nou wurdt it wer tsjin my sein."
Dat Piter krige it kessen wer en snijde 't iepen.
It bigreate my al, hwant it wie sa'n moai kessen. Hy strûpte de mouwe op en die de hân der yn. Hy die in taest en sei sa laitsjendewei: "Dêr ha 'k leau 'k al in krâns." Mar hy miende sels dat it gekheit wie, hwant hy woe 't sa net ha. Mar 't wie wol deeglik in krâns, dy't er yn 'e hân hâldde. Dy krâns seach der krekt út as in kemphoanne.
Ik sei: "Is er ek ticht? Hwant dan gean ik dea."
Mar hy wie noch net alhiel ticht.
It wienen allegearre fearkes en triedden, ek kleurde.
En der siet ek in rêchbonke yn fan in blei.
Doe hat der in pear wiken letter in man út Ljouwert hjir west, dy sei net hwa't er wie. In oar hat him hjir hinne stjûrd. Dy man hat hjir yn 'e hûs maetregels nom. Der mocht net ien yn 'e hûs wêze.
Doe't wy mienden dat se der allegear út wienen, sei er: "Ik fiel dat hjir noch ien yn 'e hûs is." Hy hie gelyk. It fanke siet op 'e souder. Dy moest der út. It hûs moest feilich wêze.
Hwat er doe allegear dien hat, dêr mei ik neat wer fan fortelle. Net iens tsjin Piter. Dat moest ik dy man heilich bilove, hwant oars dan holp it net.
Hy is hjir mei in auto kom.
Hy moest de duvel forslaen, sei er. En hy hat de duvel forslein, ik ha 't sels sjoen.
Ik woarde fan stonden oan better. Der skilde my neat mear. Ik bigong wer to iten en hie wer nocht oan 't leven.
Der kommen hjir in hiel soad minsken om de krâns to bisjen. De hiele Harkema ha 'k hjir yn 'e hûs hawn (ik ben er ook geweest toen. A.A.J.).
Der wienen twa minsken dy't wy fortochten dat tsjoensters wienen.
De man út 'e stêd woe gjin namme neame, hwant, sei er, dêr soe moart en rúzje en deaslach út fuortkomme. "Mar dit kin 'k jo wol sizze," sei er, "de tsjoenster sil hjir noait wer in foet oer de drompel sette."
Wy fortochten earst de frou fan Frits Klundert. Letter fortochten wy Alle Wagenaar. Dat wie in bernsbern fan Alle Tet en dy kom dus út in tsjoensterslaech. Hy wie in swager fan Piter.
Hy kom ek en sei tsjin Piter: "Hoe is 't mei har?" Mar hy woe de krâns net sjen.
Sjoch, dat wie in fordacht teken. En doe woed er mei Piter nei 't kninehok. Hwant dêr wie in knyn, dy hie jonge knyntsjes krige.
"Dêr mat ik in pear fan ha," sei er tsjin Piter, "foar 't fanke."
"Goed," sei Piter, "mar sy binne noch mar fjouwer dagen âld. As se fiif wiken binne, kinste wol in pear krije."
Mar de sneins dêroan kom er al om 'e knyntsjes.
Doe wienen se tsien dagen. Doe soed er se op syn menier ophelje.
Doe fortocht Piter him noch mear. It wie om hwat oars bigong. Hy woe nei my ta en my opnij wer bitsjoene.
De man dy't hjir it spul ûnttsjoend hat, hie in goudene tosk yn 'e mûle.
Fan tofoaren hearde ik altyd wol leven yn 't kessen. Mem sei altyd: "Der sitte lytse krobkes yn 't kessen." Ik tochte dat dy it dienen, mar letter wist ik wol better.
De nachts neidat dy man der west hat, wienen der allegear katten om 'e doar. It wie in great lawaei fan al dy katten. En doe, midden yn 'e nacht, hat der in swiere bouns op 'e doar west, dat ik en Piter leinen to triljen op bêd, sa kjel woarden we. En de oare deis seagen wy de printen fan hounepoaten yn it sân. Dat wienen ôfgryslik greate printen, dat it mat in ûndier fan in houn west ha.


Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Een vrouw was al lange tijd ziek. Ze vond een krans van een haan in haar kussen en wist toen dat ze betoverd was. Er is een man gekomen die haar vertelde dat ze ieder ander die in haar huis woonde, moest laten vertrekken. Daarna heeft hij de duivel in haar huis verslagen. Toen werd ze weer beter. Op een avond, toen degene die ze verdacht bij haar langs was geweest, liepen er buiten allemaal katten. Midden in de nacht was er een grote bons op de deur. De volgende dag stonden er afdrukken van hele grote hondepoten in het zand.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 210, verhaal 2

Commentaar

30 mei 1966
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Overig in Tekst

Piter    Piter   

Saek    Saek   

Frits Klundert    Frits Klundert   

Alle Wagenaar    Alle Wagenaar   

Naam Locatie in Tekst

Lys    Lys   

Eastermar    Eastermar   

Harkema    Harkema   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21