Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ021401

Een sage (mondeling), maandag 19 juni 1967

Hoofdtekst

Us jongste fanke wie alve jier âld. It wie sa'n skoalfanke. Wy leinen mei 't skip by Drachten, yn 'e Lange Wyk. Sy wie mei Jan, in jonkje fan skoalle ta gien en togearre wienen se oan 't hoepeljeijen.
Doe krigen dy beide bern dropkes fan in frou, fan Ale Bigge.
Doe't se thúskaem hie se smoarge hannen. Ik sei: "Hwat hast hawn?"
"Dropkes fan Ale Bigge", sei se.
"Hast dy opiten?" frege ik.
"Ja", sei se.
"Wist wol datst dat net dwaen meiste?"
Jan hie ek dropkes fan Ale Bigge krigen. Dy hie sein: "Hwat smeitsje se raer." Hy hie de helte fuortsmiten. Mar ús Iebeltsje hie se allegear opiten. Mar sy wienen net lekker west.
De oare deis wie 't fanke bleek. Sy sei: "'k Mei gjin iten."
't Wie krekt, as seinen se tsjin my: "Tink der om, 't is om dyn fanke to dwaen." Ik wie neat net gerêst. 'k Sei tsjin myn man: "Moatte wy net nei dokter ta?"
"Né," sei er, "dy docht der neat oan."
't Fanke gong achter út. Ik koe der nachts net fan sliepe. Hja iet net en krige lêst fan 'e mage en spuide. Dat duorre sa in fjirtsjin dagen. Us Iebeltsje siet hwer't se siet. Der siet hast gjin libben mear yn.
Wy wienen doe yn Finkum oan 't modderladen.
Wy ieten earst, doe kaem de feint to modderladen.
Iebeltsje sei: "Ik moat nei 't húske ta. Dat húske hienen wy krekt leech makke. Hja gong der hinne. Mar sy kaem mar net werom. Ik sei: "Hwat duorret it lang ear't Ieb werom komt."
Ik sei tsjin myn oare dochter: "Sjoch ris oft se der hast wei komt."
Hja sei tsjin Ieb: "Bist hast klear?"
"Né," sei se, "ik kin net klear komme." Hja koe ek net fan 't hûske komme, sa min wie se.
Ik haw har der ôf krige en har op 'e groun lein.
In fel mei swart hier wie der har ôfgong. Dat founen wy yn 't hûske. Krekt as fan in swarte kat. Ik helle myn man der by om to sjen.
Doe ha wy dat swarte fel der út helle mei twa stokjes. Dat ha wy op kranten dellein. It wienen poatsjes mei yngewantsjes en dêr swart fel omhinne.
Doe ha wy 't fanke op bêd lein. Deselde jouns leinen wy op 't Bûtenstfallaet (Bûten Drachten) mei 't skip.
Doe ha wy nei David Flud ( = David de Vrieze) ta west om duveldrek. Trije kear deis joegen wy ús Iebeltsje dêr in stikje fan, sa great as in beantsje. Dat hat se ynnom. Doe krige se wer ûntlesting. Mar 't wie allegear swijnderij. Mar nei trije dagen waerd de ûntlêsting wer goed. Hja bigoun wer to iten en wy ha noait wer lêst hawn.
In skoftsje letter kamen wy wer mei 't skip by de Lange Wyk. Jan stie op 'e wâl. Dy rôp ús fanke ta: "Hast ek sa biroerd yn 'e bealch west as ik? Ik ha in wike op bêd lein!"
Wy founen trije krânsen by Iebeltsje yn 't kessen.
Dy haw ik biwarre. Ale Bigge hie se der yn tsjoend.


Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Een jongen en een meisje kregen eens wat dropjes van een oude vrouw. Beiden werden er erg ziek van. Het meisje werd pas beter toen ze elke dag een klein stukje duivelsdrek at. De kinderen waren betoverd. Ook vond de moeder van het meisje kransen in haar kussen.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 214, verhaal 1

Commentaar

19 juni 1967
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Overig in Tekst

Ale Bigge    Ale Bigge   

David Flud    David Flud   

David de Vrieze    David de Vrieze   

Jan    Jan   

Iebeltsje    Iebeltsje   

Bûtenstfallaet    Bûtenstfallaet   

Naam Locatie in Tekst

Lange Wyk    Lange Wyk   

Finkum    Finkum   

Drachten    Drachten   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21