Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ021901

Een sage (mondeling), donderdag 01 juni 1967

Hoofdtekst

Op 'e Like tsjinne in faem by de burgemeester en syn frou. Dy burgemeester hie in soart kelder of grot, dêr sieten allerhande skatten en sieraden yn. Dêr mocht net ien oars yn komme as hysels en syn frou. Dêr stie de deastraf op.
Mar op in kear doe wienen de burgemeester en syn frou der op út.
Doe tocht de faem: "Nou wol ik us yn dy kelder sjen." Sy gong der hinne mei ien fan 'e berntsjes fan 'e burgemeester. De faem seach har de egen út. Safolle moais hie se noch noait byelkoar sjoen. It iene sieraed nei 't oare die se oan har en lei se om har hinne. Op 't lêst wie se alhiel yn 't goud bihong.
It berntsje woe der út, mar de faem krige har nocht net fan 't sjen. Doe gong it bern der út en de doar klapte achter har ticht yn 't slot.
Doe siet dy faem dêr gefangen.
De jouns komme de burgemeester en syn frou wer thús. De faem wie nergens to finen. It famke lei al op bêd. Dêr gongen se hinne. Sy makke it bern wekker en frege of se ek wist hwer't de faem wie.
Doe fortelde it bern, dat de faem yn 'e grot siet.
Dit wie net bêst. Dêr stie de deastraf op!
De húsknecht woarde nei har tastjûrd. Dy helle har op. Hja krigen meilijen mei har en sy woarden foaroardield, sy moest de hiele grot mei skelpen fosiere. As se dat dien hie, dan wie se frij.
De faem bigong der mei. Elke dei woarde har it iten troch it lûkje tarikt.
Jierrenlang hat se altyd mar skelpen oanbrocht op 'e muorre. Kostlik-moai die se dat.
Nei jierren wie se klear. Doe wie se frij. Sy gong nei in dobbe ta om har hannen to waskjen. Doe seach se har eigen byltnis. Hja hie sniewyt hier krigen en har gesicht siet fol rimpels. Dêr woarde se sa kjel fan, dat sy foel foaroer yn 'e dobbe en is fordronken.


Onderwerp

TM 3115 - Schatkamer wordt schelpengrot    TM 3115 - Schatkamer wordt schelpengrot   

Beschrijving

Op een avond kwam de meid stiekem in de schatkamer van de burgemeester. De deur viel achter haar in het slot en ze werd betrapt. Maar de burgemeester kreeg medelijden. Ze kreeg niet de doodstraf, maar ze moest alle muren met schelpen versieren. Toen de meid na een paar jaar klaar was, kwam ze uit de grot. In een meertje waste ze haar handen. In de weerspiegeling zag ze toen dat haar haar wit was geworden, en ze rimpels had gekregen. Van schrik viel ze voorover in het water en verdronk ze.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 219, verhaal 1

Naam Overig in Tekst

Like    Like   

(Nienoord)    (Nienoord)   

Naam Locatie in Tekst

Leek    Leek   

Plaats van Handelen

Leek    Leek   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21