Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ022519

Een mop (mondeling), donderdag 13 juli 1967

Hoofdtekst

Twa Poepen kamen by in boerinne. Dy wie oan 't pankoekbakken. Dêr hienen dy poepen in ôfgrysliken sin oan, hwant sy hienen in honger as in poep. Dat doe't de frou der even by wei wie, namen se de panne mei pankoeken en naeiden der mei út.
Underweis troffen se in maet, ek in Poep.
"Hwer ha jimme dy pankoeken wei?" frege dy.
"Dy ha wy kocht", seinen se. Dêr en dêr.
"Mei 'k ek mei ite?" frege de Poep.
Dat mocht wol, mar, dan moest hy de panne wer toplak bringe. Mei har trijen ieten se de pankoeken op, mar hokker reis de trêdde Poep mei de panne hawn hat, wurdt der net by forteld.


Beschrijving

Twee Poepen hadden koekenpannen met pannenkoeken van een boerin gestolen. Een derde mof vertelden ze dat ze die gekocht hadden. Hij mocht mee eten als hij beloofde de koekenpannen terug te brengen.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 225, verhaal 19

Commentaar

13 juli 1967

Naam Overig in Tekst

Poepen    Poepen   

Duitsers    Duitsers   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21