Hoofdtekst
Der wie ris in man, dy koe nergens wurk krije.
't Wie yn 'e winter en in krappe tiid. De man hie in wiif en in greatjonge en dy koenen net sûnder iten. Dat, der siet oars neat op as mar to skoaijen.
Mar skoaijen, dat wie forbean en doe't de plysje it fornom, woarde er oanhâlden en moast er trije dagen de bak yn.
De trije dagen wienen gau om en, hoewol hy der sels in hekel oan hie waerd er wol needsake om mar wer op 'e skoai to gean. Hwat koed er oars, as der abslút gjin wurk foar him to finen wie? Mar doe't se fornamen dat er wer skoaide, setten se him wer yn 'e bak. Wer trije dagen. En der woarde by sein, as hy der út kom, moest er it net weagje en bigjin wer to skoaijen, hwant dan waeide der oars hwat.
De man rekke wer frij, mar omt er oars abslút gjin iten krije koe, skoaide er wer.
Foar de trêdde kear pakten se him op. Mar nou woarde er stringer oanpakt. Hy krige nou gjin trije dagen, mar trije jierren. In treast foar him wie dat syn wiif útkearing krige.
Hy fortsjinne dêr yn de gefangenis hûndert goune jiers, dat, doe't er frijlitten woarde, hie der trijehûndert topakken. Dat wie in moaije ynstruijing.
De skoaijer wie och sa bliid, dat er wer nei hûs ta hwant de skieding fan wiif en bern wie him lang fallen.
Doe't er in eintsje op stap wie nei hûs ta trof er in man, dy siet op 'e leuning fan in brechje. It wie in tige âld man. Syn hier wie alhiel wyt en hy hie in hiel soad tearen yn 'e holle.
"Goeije", sei de âld man. "Hwer komme jo wei en hwer sille jo nei ta?"
Doe bigong de skoaijer to praten. Hy fortelde de âld man syn libbensomstandichheden.
Doe sei dy âld man: "Mei ik jo in goeije ried jaen?"
"In goeije ried smyt ik noait wei", sei de skoaijer.
"Mar hy kostet jo hûndert goune. Ha jo dat der foar oer. Mar dit kin 'k jo sizze, jo sille my jou hiele libben tankber bliuwe foar dizze rie."
"Siz mar op," sei de skoaijer, "ik ha der hûndert goune foar oer."
Doe sei de âlde: "As jo aenst fierder komme moatte jo jo net forliede litte troch minsken. Hwant jo sille guon treffe, dy wolle jo oerhelje om mei har binnentroch to gean. Mar jo matte wegerje en de greate wei hâlde."
De skoaijer sei: "Dy rie sil 'k neifolgje." En hy telde de hûndert gounen út.
Mar doe sei de âld man: "Ik ha noch in trêdde rie, dy kostet jo ek hûndert goune."
De skoaijer tochte: "Nou geane myn lêste sintsjes der oan, as ik dy ried ek noch fornim." Mar hy sei: "Siz mar op."
Doe sei de âld man: "As jo thúskomme, dan matte jo jo net lulk meitsje, mar in ombocht meitsje, dan kinne de driften hwat bikomme. Hwant yn jou drift soenen jo in moart dwaen kinne en dat moat net."
Ek foar dizze rie bitelle de skoaijer hûndert goune. Hy wie nou alle jild kwyt, dat er yn dy trije jier fortsjinne hie.
Doe joech de âld man him noch twa bôllen mei. De iene moest er ûnderweis sels opite, de oare moast er syn wiif jaen, as er thús kaem.
De skoaijer burch de twa bôllen yn syn reissek en gong op stap. Doe't er in moai ein roan hie en it al joun woarde, trof er trije mannen. It wienen hoarnblazers. Dy fregen him of er ek nei stêd ta moest.
"Ja," sei er, "dat is de bidoeling al."
"Nou," seinen dy mannen, "dan matte jo mei ús opstappe. Dan ha jo selskip. Wy wite in paed binnentroch. Dat snijt in hiel stik ôf."
De skoaijer wie warch en 't like him bêst ta. Dan hoefde er net mear sa'n lang ein to rinnen foar de nacht. En hy hie selskip.
Mar doe kom 't him yn 't sin hwat dy âld man sein hie. Net mei oaren binnentroch gean. Foar dy rie hied er in grouwe hûndert goune bitelle, dat hy sei: "Né, ik gean net mei."
Doe't er in ein roan hie, woarde it tiid fan sliepen. Hy moest ergens nachtlogys sjen to finen. Doe seach er oan 'e kant fan 'e wei in kroech stean. Dêr sette er op ta.
Yn dy kroech siet in âld man mei in lang wyt burd. En njonken him stie in splinterjong frommes. Doe't er dy twa dêr seach, tocht er: "Hjir kin 'k net bliuwe." Hwant de twadde ried kom him yn 't sin. Dy hie him ek hûndert goune koste. Dat hy gong der wer út en roan fierderop.
Doe seach er in hok, in eintsje fan 'e wei ôf. Dêr krûpte er ûnder 't strie en it duorre net mâlle lang of hy foel yn 'e sliep.
Hy woarde wekker fan in klok yn 'e fierte dy't tolve sloech. 't Wie krekt midden yn 'e nacht. Doe hearde er hwat oankommen. De doar woarde iependien. It wienen trije man.
De iene sei tsjin 'e beide oaren: "Nou is it tolve ûre. Hy mat der nou mar oan gelove."
De skoaijer hearde dat se nei de âlde kastlein ta soenen, dêr't it jonge frommes by wenne. Dy âld kastlein woenen se formoardzje en syn jild meinimmen. "Dy keardel, dy't der hinne gien is, sil dêr nou wol op bêd lizze en sliepe", seinen se. "Wy lizze it mes by him del. Dan kriget hy de skuld."
Doe fornaem de skoaijer dat it de trije hoarnblazers wienen, dy't dêr by him yn 't hok stienen. Dat wienen dus moardners en rovers.
De trije mannen gongen fuort en de skoaijer bleau allinne achter.
Mar hy koe net mear sliepe. Al ier en bitiid krûpte er út it strie en gong wer op stap. Underweis woarde er oanhâlden troch de plysjes. Dy woenen wite, hwa't er wie en hwer't er weikaem. Hwant der wie in âld man formoarde woarn.
Doe fortelde hy de plysjes alles hwat er fan it gefal ôfwiste en dêrtroch koenen se de dieders gau achterhelje.
Deselde deis noch kom de skoaijer thús. Hy roan op it hûs ta. Doe't er op it hiem stie, seach er troch 't glês. Doe siet dêr in fremde keardel yn 'e stoel. Dy siet by syn wiif en sy liken mar wakkere iens togearre.
"Dy keardel sil 'k formoardzje", tocht er. Hy makke him ôfgryslike lulk.
Mar tagelyk kom him de trêdde rie fan 'e âld man yn 't sin, dy't him ek hûndert goune koste hie. Hy moast earst in omloopke nimme, dan soe syn lulkens hwat bikomme.
Hy die dat en it holp. Hy wie himsels wer baes. Doe't er weromkom siet dy keardel dêr nòch. Mar doe't hy der yn kom wie it syn eigen soan. Sa wie dy groeid yn 'e tiid, dat hy trije jier sitten hie.
De frou wist har gjin ried fan blidens dat se him wer seach.
Doe joech er har de bôlle oer. "Sjoch," sei er, "dy ha 'k foar dy meinom."
Hja woenen der fuortdaliks mar fan ite.
Doe't hja de bôlle iepensnijden sieten der trijehûndert goune yn.

Onderwerp
AT 0910B - The servant's good counsels   
ATU 0910B - The Observance of the Master’s Precepts   
Beschrijving
Een man was zo arm dat hij alleen aan eten kon komen door te bedelen. Maar hij werd gepakt en moest de cel in. In de gevangenis had hij goed kunnen sparen, en toen hij na drie jaar weer vrij kwam, had hij 300 gulden. Onderweg naar huis kwam hij op een bruggetje een oude man tegen. Na de oude man zijn levensomstandigheden verteld te hebben, wilde deze hem goede raad geven, maar hij moest daarvoor 300 gulden betalen. Naast advies kreeg de man ook nog twee bollen, en hij ging verder op stap. Na een tijdje kwam hij drie hoornblazers tegen die vroegen of hij met hen meeging, via een kortere weg binnendoor. Maar de man volgde het eerste advies op en weigerde. Daarna kwam hij bij een herberg waar hij wilde overnachten. Daar zag hij een oude man met een heel jong meisje. Hij volgde het tweede advies op en sliep niet in de herberg. Hij vond even verderop een hok en dook daar onder het stro. Om middernacht kwamen de drie hoornblazers binnen, en hij hoorde ze praten over een geplande moord op de kastelein van de herberg. Toen hij thuis kwam, zag hij in zijn huis een vreemde man bij zijn vrouw, en hij werd woest. Maar hij herinnerde zich nog net op tijd de derde raad, en ging pas zijn huis in toen hij weer rustig was. De vreemde man bleek zijn volgroeide zoon te zijn. In de bollen vonden ze toen hun 300 gulden weer terug.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 226, verhaal 1
Commentaar
5 juli 1967
The servant's good counsels
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21