Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ022901

Een sage (mondeling), maandag 14 augustus 1967

Hoofdtekst

't Wie op in âldjiersjoun. De boer en de soan en it folk sieten mei elkoar yn 'e keamer by de hurd. De faem wie der ek by. Dy hie forkearing hawn, mar sy hie it útmakke mei har feint. Doe wie die feint siik woarn.
Hy hie 't der se bot mei to dwaen hawn, dat hy wie op 't lêst overleden. Op dy âldjiersjoun moest de faem nei de skuorre ta om brantstof op to heljen.
Hja hie in lantearne by har, mar dy gong yn 'e skuorre út. Doe wie dy faen angstich woarn en sy kom sûnder turf wer yn 'e hûs. De lju hienen allegaer al in pear buorrels op en sy wienen stik foar stik hwat oansketten.
"Dû bist bang," sei de soan tsjin 'e faem. "Dat falt my fan dy ôf."
"Né", sei se, "ik bin net bang. Ik doar rounom wol hinne."
"Ek wol nei 't tsjerkhôf ta?" frege de soan.
"Jawol," sei se.
"Ast dat dochste, krijst in goune," sei hy.
"Goet," sei se.
En doe rekke se yn 'e nacht mei in lantearne yn 'e hân nei 't tsjerkhôf ta. Sy hie ek noch hwat oars by har, mar hwat dat krekt wie wyt ik eins net mear. 't Wie skep op 'e ein, leau 'k. Dat moest sa yn 'e groun sette op 't graef fan her froegere feint. Dan koe de soan de oare moarns sjen, dat hja dêr west hie. Doe 't se dat dan dien hie en wer fuort soe, hekke se mei de klean achter in sark. Sy koe net fuort komme en sy moet tocht ha, dat se fêst hâlden woarde troch ien. Dat koe net ien oars wêze as har froegere feint. Hja hat har se bang tocht, dat sy is yn swym fallen.
Sy kaem net thûs. Doe hat de boer de doomny ophelle. Mei de doomny is er nei 't tsjerkhôf ta gong. Dêr lei de faem langút op it graef fan har froeger frijer.
Mar de doomny en de boer koenen dêr ek net weikommen. Dy rekken ek beide fêst. Oaren ha har letter forlost. Letter hat dy faem it altyd yn 'e holle hawn.

Onderwerp

AT 1676B - Clothing Caught in Graveyard    AT 1676B - Clothing Caught in Graveyard   

ATU 1676B - Frightened to Death    ATU 1676B - Frightened to Death   

Beschrijving

Een meid gaat een weddenschap aan: om te tonen dat ze niet bang is, zal ze 's nachts een schep planten op het graf van haar overleden vriend. Als ze dit gedaan heeft, blijft zij echter met haar kleren achter een zerk hangen. Zij beeldt zich in dat ze door haar vriend wordt vastgehouden en valt flauw. Omdat ze niet terugkomt, gaat de boer met de dominee op zoek. Ze vinden haar, maar ook de boer en de dominee komen vast te zitten en moeten door anderen bevrijd worden. De meid is later krankzinnig geworden.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 229, verhaal 1 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

14 augustus 1967
Clothing Caught in Graveyard

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21