Hoofdtekst
De fûgels woenen in koaning ha. Se hâldden mei elkoar in forgadering en doe waerd der bisluten, de fûgel, dy't it heechste fleane koe, dat soe de koaning fan 'e fûgels wurde.
Alle fûgels bigounen to fleanen en elk die syn bêst sa heech mooglik to kommen. Mar de adelaer, dy woun it fier, dy fleach it allerheechst.
Alle fûgels tochten net oars, of hy soe de koaning wurde.
Mar der wie in lyts fûgeltsje, dat wie tige snoad. It wie de aldelaer ûnder 'e fearren krûpt. En doe't de adelaer dan op 't heechst wie, kaem er to foarskyn en fleach noch gau in bytsje heger en rôp: "Ik bin de koaning! Ik bin de koaning!"
Doe't se wer delkamen, moasten de oare fûgels wol tajaen, dat dat lytse fûgeltsje it woun hie, mar om sa'n lyts bistke as koaning to hawwen, né, dat woenen se net.
Dat doe waerd der opnij in forgadering hâlden.
Doe stelde de hin foar, sy moasten dyselde ta koaning útroppe, dy't it djipst yn 'e groun komme koe. Hwant hinnen klauwe altyd gatten. Dat founen se allegear in goed plan.
Mar hwat die doe dat lytse fûgeltsje? Dat socht om in mollegat, en doe't er ien foun, kroep er dêr gau yn en hy rôp: "Ik bin it djipst! Ik bin de koaning!"
Al de fûgels moasten ek nou wer tajaen, dat dit lytse fûgeltsje it eins woun hie. Mar ek dizze kear koenen se der net ta bislute en bineam him ta koaning.
Doe ha se it dan sa dien: de adelaer is koaning woarn en dat lytse fûgeltsje krige de namme fan winterkoaning.

Onderwerp
AT 0221 - The Election of Bird-king   
ATU 0221 - The Election of King of Birds.   
Beschrijving
De vogels wilden een koning hebben. Er werd afgesproken dat degene, die het hoogst kon vliegen, koning zou worden. De adelaar kon makkelijk winnen, want die vloog het hoogst. Maar er was een klein slim vogeltje, die bij de adelaar onder de veren was gekropen. Toen de adelaar op z'n hoogst was, kwam hij onder de veren vandaan, en vloog hij net nog een stukje hoger. Maar de vogels wilden niet zo'n klein vogeltje als koning hebben, en ze besloten dat degene die het diepst kon komen, de koning zou worden. De hen dacht dat zij zou winnen, want met haar klauwen maakte ze altijd gaten. Maar het kleine vogeltje klom in een mollengat en riep uit dat hij gewonnen had. Opnieuw konden de vogels er niet toe besluiten hem koning te maken. Toen is de adelaar koning geworden, en het kleine vogeltje kreeg de naam 'winterkoning'.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 238, verhaal 1
Commentaar
10 juli 1967
The Election of Bird-king
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21