Hoofdtekst
Der wie in man, dy hie in buchel. Mar hy woe graech trouwe mei in kant frommeske, ien mei in rjochte rêch, dêr't neat oan mankearde.
Doe stjûrden se him de bosk yn. Dêr moest er in rjochte beam útsykje. Foun er sa'n ien, dan soed er sa'n frommeske ha lyk as er bigearde.
Hy socht en socht, mar hy koe net in inkelde beam fine dy't alhiel rjocht wie. Doe't er dan net ien oanwize koe, seinen se tsjin him: "Jo meije nòch in kear sykje." Faker as twa kear mocht er net by de beammen lâns. Doe died er syn uterste bêst. Mar hoe't er socht, der wie net in rjochte beam to finen. Doe joech er op it lêst de moed op. Hy hat in krûme beam útsocht, en doe't er op 'e ein wie, sei er: "Dit lot is mij beschoren." En hy is mei in krûme frou troud.
(dit fortelde pake.)

Onderwerp
VDK 1524A* - Een rechte boom   
Beschrijving
Een man met een bochel wilde graag trouwen met iemand met een rechte rug. Men zei dat hij in het bos moest gaan zoeken naar een rechte boom. Als hij er een zou vinden, zou hij zijn zin krijgen. Hij deed zijn uiterste best, maar vond er geen. Op het laatst heeft hij maar een kromme boom uitgezocht. En inderdaad is hij met een kromme vrouw getrouwd.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 271, verhaal 3
Commentaar
10 september 1967
Een rechte boom
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21