Hoofdtekst
Ot har man dat wie Hindrik Pyk (= Hindrik Ophuis). Dat wie ek in tsjoenster. En hy hie ek noch de kweade hân.
Wy hienen in omke, dat wie Japik-om. Dy hearde us in kear, dat hy soe nei de froulju ta. Mar dat died er net. Hy gong stikum nei de doar fan Hindrik en Ot. Mar hwat er dêr sjoen hat! Hy is achterstofoar fan 't hiem kom! Sa binaud hat er west. Hy moest it gesicht op dy beide minsken hâlde, oars wied er bang dat se him yn 'e macht krigen. Hy is dêr weitild, hy fielde gjin fuotten. Hy hat dêr allegearre popkes op 'e tafel sjoen. En dêr stutsen se mar mei spjelden yn om. De hiele tafel wie fol mei poppen. 't Swit stie him op 'e holle, sa binaud hied er west.
(de beide laatste sagen dubbel)

Onderwerp
SINSAG 0531 - Peinhexe quält einen Menschen mit einer Puppe, in welche sie Nadeln steckt.
  
Beschrijving
Een jongen keek eens stiekem bij mensen naar binnen. Hij zag allemaal poppen op tafel liggen, en daar staken ze met spelden in. De jongen was zo bang dat hij achterstevoren het erf afgelopen is.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 271, verhaal 7
Commentaar
10 september 1967
Peinhexe quält einen Menschen mit einer Puppe, in welche sie Nadeln steckt.
Naam Overig in Tekst
Hindrik Pyk   
Hindrik Ophuis   
Japik   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21