Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ027907 - De kâlde winter

Een mop (mondeling), maandag 09 oktober 1967

Hoofdtekst

De kâlde winter
Ergens wennen twa minsken. De frou fan dy beiden wie hwat ienfâldich. Sy hienen in baerch slachte, mar de man woe ha, sy soenen fuort net oan 't spek komme. Sy soenen earst it ôffal mar opite.
"Hwerom ite wy net fan 't spek?" frege 't minske.
"Dat is foar de kâlde winter," sei de man.
Doe kom der us op in kear in skoaijer by de doar. Dy wie oan 't hânbûtsen.
Doe 't de frou iependie, sei er: "Hwat in kâlde winter, net?"
"O," sei 't minske, "binne jo de kâlde winter? Dan sil 'k jo gau it spek jaen."
Sy helle it spek tafoarskyn en de skoaijer nom it yn tank oan.

Onderwerp

AT 1541 - For the Long Winter    AT 1541 - For the Long Winter   

ATU 1541 - For the Long Winter.    ATU 1541 - For the Long Winter.   

Beschrijving

Een echtpaar heeft een varken geslacht, maar de man wil het spek bewaren voor de koude winter. Op een dag staat er een zwerver op de stoep die opmerkt dat het een koude winter is. De eenvoudige vrouw denkt dat de man zegt dat hij de Koude Winter is, en zij geeft hem het geslachte varken mee.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 279, verhaal 7 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

9 oktober 1967
For the Long Winter

Naam Overig in Tekst

Koude Winter    Koude Winter   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21