Hoofdtekst
Myn oerbeppe wie us allinne thús. It folk wie it lân yn. Doe kom der in poep by de doar, dy 't frege om foar in dûbeltsje spek. Beppe doarst it net to krijen, hwant hy koe har wol yn 'e kelder opslute.
Dêrom bea se him in dûbeltsje oan, mar dat woed er net ha. Hy hâldde mar oan, hy woe spek ha.
Der siet in forskuorrende houn oan 't ketting, dat wie Mops.
Beppe sei: "Tink om 'e houn."
Hy sei: "Hwat maelt my dy houn, dy sit fêst."
De houn docht in sprong, dat de greate kram rekket út 'e peal wei. Hy springt fuort op 'e poep ta. Dy rekket ûnder fuotten en de houn byt him achtsjin gatten yn 'e hân.
De poep moatet en kjirmet, dat dêr komt in boer mei syn soan en arbeider op tasetten.
De poep seit: "Dat sil 'k jim bitelle sette!"
Doe sei beppe: "As jo net gau meitsje, dat jo fuortkome, dan sille wy Mops nochris wer op jo ôfstjûre."
Doe woe de poep wol yn goedens. Mar hy bidde en smeke om hwat hier fan 'e houn, dat er op 'e wounen lizze koe, hwant hy wie bang dat de houn dol wie.
Doe woard der hwat hier ôfknipt en dat krige hy.

Onderwerp
TM 4302 - Volksgeneeskunde   
Beschrijving
Een vrouw is alleen thuis; iedereen is verder op het land aan het werk. Er komt een hannekemaaier vragen om een dubbeltje spek. De vrouw is bang dat ze in de kelder zal worden opgesloten, en probeert de man met een dubbeltje af te schepen. De man blijft spek eisen. De vrouw waarschuwt de man voor de hond, maar deze is niet bang omdat de hond aan de ketting ligt. Meteen breekt de hond van de ketting en valt de man aan. Hij bijt hem verschillende malen. Uiteindelijk vertrekt de man nadat hij wat haar van de hond heeft gekregen: ter genezing en voorkoming van hondsdolheid.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 283, verhaal 13 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
ca. 1953
Volksgeneeskunde
Naam Overig in Tekst
Poep   
Naam Locatie in Tekst
Mops   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21