Hoofdtekst
Yn 'e herberch hong in kouwe mei in papegaei der yn. Dy papegeai koe prate.
Der kom in man yn, dy hie branje to keap. Hy frege as se ek branje noadich hienen en de papagaei sei: "Bring mar twintich mudde."
De man tocht net oars as it wie de frou dy't him dit bistelde en hy helle de anthrasyt fuort op.
Doe't hy der yn 'e auto mei kom, sei er tsjin 'e frou: "Hwer mat dy swarte brant hinne?"
"Swarte brant?" sei de frou, "dy hoef ik net."
"Jo ha nyskes swarte brant bisteld", sei de man.
"Gjin sprake fan", sei de frou.
"'t Is wòl sa," sei de man, "twintich mud, ik ha't mei myn eigen earen heard."
"Dan hat dy duvelske papegaei guon bisteld", sei de frou. En sy roan op 'e kouwe ta en sloech it beest. Sy sloech him sa bot, dat hy hie de kop in bytsje skean sitten.
Even letter kom der in hear ta de herberch yn, dy hie de holle hwat skean op 'e nekke sitten.
De papegaei sei tsjin him: "Hastû miskien ek twintich mudde swarte brant bisteld?"

Onderwerp
AT 0237 - Magpie Tells why Sow is Muddy   
ATU 0237 - The Talking Parrot   
Beschrijving
In een herberg doet een pratende papegaai de stem van de vrouw des huizes na en bestelt twintig mud brandstof. Als de vrouw hierachter komt, geeft ze de vogel zo'n enorme klap dat het hoofd het dier scheef op de romp komt te staan. Als er even later een man met een zelfde hoofdafwijking de herberg betreedt, vraagt de vogel of hij soms ook twintig mud brandstof heeft besteld.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 323, verhaal 2 (archief MI)
Commentaar
18 januari 1968
Magpie Tells why Sow is Muddy
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21