Hoofdtekst
Froeger, sa'n sauntich, tachtich jier lyn kommen hjir de hantsjemieren noch.
Der wienen us trije poepen, dy hienen honger. Sy stappe oer in brêge en dan sjogge se in tsiis yn it wetter.
't Wie de moanne dy't yn 't wetter skynde, mar dat hienen dy poepen net yn 'e gaten.
De iene poep sei tsjin 'e beide oaren: "Dy tsiis moesten wy ha, dan hienen wy hwat to iten."
Dat wienen de oaren wol mei him iens, mar sy wisten net hoe't se 't ha soenen om him to krijen.
Doe ornearre de iene poep, hy soe oan 'e leuning fan 'e brêge hingjen gean, de oare soe oan syn fuotten hingje en de trêdde soe him mei de iene hân oan nûmer twa beet hâlde en mei de oare hân soed er de tsiis pakke.
Wylst se dêr sa hongen sei de boppeste: "Wacht even, ik mat even yn 'e hannen spuije." Doe't er dat dwaen soe, foelen se alle trije yn 't kanael.

Onderwerp
AT 1336 - Diving for Cheese   
ATU 1336 - Diving for Cheese.   
Beschrijving
Drie hongerige Poepen zien de weerspiegeling van de maan in het water aan voor een kaas. Via een ingewikkelde manoeuvre proberen ze de 'kaas' uit het water te pakken. De drie domkoppen vallen prompt in het water.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 357, verhaal 7 (archief MI)
Commentaar
1 april 1968
Diving for Cheese
Naam Overig in Tekst
Poepen   
Poep   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21