Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ039704

Een mop (mondeling), zaterdag 11 mei 1968

Hoofdtekst

Der wenne in feint by in boer. Doe't it tiid wie fan opnij bisteegjen frege de boer him: "Wolst hjir ek bliuwe mei maeije?" 't Wie in bêste boer en de feint woe wol. Mar hy hie ien bitingst. "Dan wol 'k ien dei boer wêze en ik wol sels útkieze hokker dei."
Dat wie de boer goed.
De boer gong wol us nei stêd ta en dan kom der in fremde keardel, dêr wie de boerinne great mei. Dat hie de feint sjoen.
Sa gebeurde it ris wer, dat de boer nei stêd ta wie. De feint hie sjoen, dat der wer ien by de boerinne siet. Hy gong yn 'e hûs en seach noch krekt, dat dyselde yn in kiste kroep.
De feint sei: "Hjoed bin ik boer." Hy roan op 'e kiste ta en spikere him ticht. Hy tochte, dêr komst net wer út, baeske."
De middeis kom de boer thús. De feint sei: "Ik bin hjoed boer. Jo matte my even helpe ta de kiste."
"Hwat wolst dêr dan mei?" frege de boer.
"Dy mat op 'e wein."
"Op 'e wein. En dêr matte jo my ta helpe. Ik bin hjoed boer."
De boer tilde de kiste mei op 'e wein.
Doe rieden se dêr togearre mei fuort.
By de brêge wie 't: ho.
"Hwat wolst nou?" frege de boer.
"De kiste mat oer de leuning", sei de feint.
Doe rôp dy yn 'e kiste: "Help!"
De boer sei tsjin 'e feint: "Hwat hastû dêr yn? Dat is ien dy ropt om help."
Mar de feint sei: "Ik bin hjoed boer. Help my."
Doe smieten se togearre de kiste yn 'e feart.
Doe moest de feint alles fortelle. Doe't de boer de hiele tadracht wist, sei er: "Dû bist in reuze feint."


Onderwerp

AT 1358B - Husband Carries Off Box Containing Hidden Paramour    AT 1358B - Husband Carries Off Box Containing Hidden Paramour   

ATU 1358B - Husband Carries Off Box Containing Hidden Lover    ATU 1358B - Husband Carries Off Box Containing Hidden Lover   

Beschrijving

Op voorwaarde dat de knecht een dag boer mocht zijn, wilde hij wel langer voor een boer werken. Nu gebeurde het wel eens dat als de boer naar de stad was, de boerin snel in bed kroop met een andere man. Toen dit op een dag weer het geval was, ging de knecht naar de boerin en zei dat hij die dag boer was. Hij spijkerde de kist dicht waarin hij haar minnaar zich had zien verstoppen. Toen de boer thuiskwam, liet hij hem helpen met de kist op een wagen te tillen, en een stuk verder om de kist in het water te gooien. Pas daarna vertelde de knecht hoe het zat. De boer was reuzeblij met zo'n goede knecht.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 397, verhaal 4

Commentaar

11 mei 1968
Husband Carries Off Box Containing Hidden Paramour

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21