Hoofdtekst
In nicht fan ús wenne yn Kollumersweach. 't Is sahwat in tsien à alwe jier lyn, doe wie hja fiifentritich jier, doe foun se by har famke in krâns yn 't kessen. En dêr siet yn 't kessen ek noch in kraechje fan it famke har jurk. Har famke wie altyd syklik en it stie by myn nicht fêst, dat har dochterke wie bitsjoend. Hja hie fuort ien op it each, dy't it dien hie; dat wie in jonge frou út 'e Westerein. Sy gong op 'e fyts nei de Westerein, de krâns hie se by har. Hwat tichter hja by de Westerein kom, hwat mear de krâns bigong to skitterjen. Dat wie wol it sterkste biwiis dat hja yn 'e buert fan 'e tsjoenster kom.
It wie in frou de Haan, dy't it neffens har dien hie.
Guon út Kollumersweach hienen har oanret om dêr hinne to gean.
Hwat der fierder gebeurd is, wit ik net, mar it famke waerd wer better.
It wie in frou de Haan, dy't it neffens har dien hie.
Guon út Kollumersweach hienen har oanret om dêr hinne to gean.
Hwat der fierder gebeurd is, wit ik net, mar it famke waerd wer better.
Onderwerp
TM 3109 - Heksenkrans in kussen   
Beschrijving
Een vrouw vond eens een krans en het kraagje van een jurkje van haar dochter in het kussen van haar dochter. Het meisje was nogal ziekelijk, en de moeder was ervan overtuigd dat ze betoverd was. Ze meende te weten wie de heks was en ging met de krans naar deze persoon toe. Onderweg begon de krans steeds meer te schitteren. Wat er verder gebeurd is, is onbekend, maar het meisje is weer beter geworden.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 427, verhaal 5
Commentaar
19 juni 1968
Heksenkrans in kussen
Naam Overig in Tekst
Kollumerswaag   
Naam Locatie in Tekst
Kollumersweach   
Westerein   
Westereinde   
de Haan   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
