Hoofdtekst
In suster fan myn twadde mans mem hat us bitsjoend west. Doe gong har mem nei greate Wopke fan Kûkherne.
Wopke sei: "Underweis folget der jo ien. 't Kin wêze dat jo dan al sahwat thús binne. Dy sil jo freegje - Hwat sei Wopke? - Siz dan neat tsjin har. Jow har gjin antwurd."
Wopke joech har in fleske mei guod mei.
Doe't hja omtrint thús wie kom buorfrou gau ta de doar út. Dy wenne ûnder 't selde dak, 't wie in dûbeld hûs. "Hwat sei Wopke?" frege se.
Mar myn man syn beppe joech gjin biskie en gong yn 'e hûs. De buorfrou folge har. It minske gong op 'e widze fan 't bern ta en sei: "Nou, leave, jim miene dat ik it doch, mar dat is sa net."
Hja hie 't bern oer 't wang strutsen en it bern wie fan stonden oan wer opknapt. Sûnder drankje. Dat hoefde net brûkt to wurden.

Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
Beschrijving
De moeder van een betoverd meisje ging naar Wopke, de duivelbanner. Wopke zei dat op de terugweg iemand de moeder iets zou vragen, maar dat ze geen antwoord moest geven. Ook gaf hij een drankje mee. Toen de moeder al bij haar huis was, vroeg de buurvrouw aan haar wat Wopke gezegd had. De moeder zei niets. De buurvrouw liep mee naar binnen en ging bij het wiegje zitten. Ze zei dat ze wel kon denken dat zij het kind betoverd had, maar dat dat niet zo was. Ze streek het kindje over de wang. Vanaf dat moment was het kind weer opgeknapt, zonder het drankje te gebruiken.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 444, verhaal 16
Commentaar
28 juli 1968
Heks maakt kind (mens) ziek
Naam Overig in Tekst
Wopke   
Naam Locatie in Tekst
Kûkherne   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21