Hoofdtekst
De sâltpot
In feint hie him op maaie by in nije boer besteld. Hy wie dêr noch mar krekt, doe hienen se in dea keal. De boer sei tsjin 'e feint: 'Jonge, helje my de sâltpot even op! Wy sille dat keal slachtsje'. Se ieten keallefleis. Earst smakke dat de feint wol ridlik, mar doe't der alle dagen weroan keallefleis op 'e tafel kaam, ien wike, twa wike, nee, doe koe hy der wol fan koarje.
De simmers gong der in baarch dea. De boer sei wer tsjin 'e feint: 'Helje my de sâItpot even, jonge. Dan sille wy him slachtsje'. Doe sieten se dan alle dagen, mar no wiken en wiken lang, yn dat bargefleis om te hâlden.
En de hjerstmis, ferdoarje, dêr ferlear de boer syn âlde mem. Dy wie by her yn. Doe naaide de feint út—hy tochte, ik ha dit no twa kear meimakke, mar foar de tredde kear wol ik de sâltpot net wer helje!

Onderwerp
VDK 1321Z* - Toen de grootmoeder stierf   
Beschrijving
In mei komt een knecht bij een nieuwe boer werken. Al snel gaat er een kalf dood en hij moet de boer helpen met de zoutpot om het kalf te slachten. Ze eten vervolgens weken kalfsvlees. In de zomer sterft een varken en de geschiedenis herhaalt zich maar dan met varkensvlees. In de herfst overlijdt de moeder van de boer. De knecht denkt: 'dit wil ik geen derde keer meemaken' en gaat er vandoor.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p.405
Commentaar
29 december 1977
Toen grootmoeder stierf
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20