Hoofdtekst
Kredytsje
Diditen hjitte se. Bijbiterkes seinen wy ek wol tsjin dy dingen. Sjoch, dat kaam, yndertiid hiest bijekuorren. As dan maitiids de earste bijen der in bytsje bûten kamen, dan sieten dy diditen foar de ylgatten en dan pakten se in bij. Dyselde fûgeltsjes kinne sa moai roppe fan: 'Kredytsje, kredytsje, kredytsje!'
In minske gong altyd nei de winkel, dat wie noch yn 'e krappe tiid. Se kocht dit en se kocht dat, en dan wie it: 'Soenen we hjoed net even kredyt hâlde kinne, want ik ha gjin sinten?' 'No ja, mar jo moatte ek ris in kear ophâlde fan kredytsjen'. 'Dat is ek sa, mar moarn kom ik wol wer, en dan sil ik wol wat jild meinimme'. Dat barde ek wol ris, want se wie wol fan goede wille.
Mar op in kear hie se wer nei de winkel west en alwer boarge. Se rûn op'e wei, ûnder de beammen. 'Kredytsje, kredytsje, kredytsje', hearde se, 'kredytsje, kredytsje!' Wer komt dat wei? frege se harsels ôf. En al wer wie it: 'Kredytsje, kredytsje, kredytsje!' It minske wie der ôf. Doe't se thúskaam, sei se tsjin har man: 'Ik wol net oer de streek. As ik wer yn 'e winkel kom, stean ik mei 't jild op 'e fingerseinen!'

Beschrijving
Diditen heten ze, een andere naam voor koolmees. Als in het voorjaar de eerste bijen naar buiten komen via de vlieggaten, worden ze opgegeten door de koolmees. De koolmees kan ook heel mooi 'krediet' (kredytsje) roepen. Een vrouw gaat vaak naar een winkel en heeft het niet breed. Soms betaalt ze maar meestal koopt ze op krediet. Als ze weer eens op krediet heeft gekocht hoort ze onderweg hoort ze 'krediet'. Ze kan niet achterhalen waar het vandaan komt. Ze verlaat de weg. Bij thuiskomst zegt ze tegen haar man dat ze niet meer over de weg wil en in de winkel contant wil betalen.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (ect.) 1979, p.406
Commentaar
17 november 1976
Naam Overig in Tekst
kredytsje   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20