Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE437 - De lichte breaën

Een mop (boek), donderdag 25 maart 1976

Hoofdtekst

De lichte breaën
Foarhinne wienen der wolris bakkers, dy joegen gjin wicht. Dan kamen út en troch de komizen by de bakkers lâns om it gewicht te kontrolearjen. Breaën moasten bygelyks fjouwer pûn weage. Doe wie der in bakker, dy woe wol ris in bytsje binnentroch, en hy bakte tagelyk breaën dy't it gewicht al en guon dy't it net hienen. Op in kear tocht er, de komizen koenen hjoed wol ris komme. Doe sei er tsjin 'e feint: 'De lichte breaën moatte efter yn 'e oven!' De bakker hie ek in pappegaai en dy koe prate fansels.
De breaën yn 'e oven wienen klear en doe kamen de komizen. Se hellen in pear breaën út'e oven en woegen se. No, it wie klear, se hienen it gewicht. Dat beteart mar wer bêst, tocht de bakker, mar krekt doe't de komizen op 'e sprong stienen om fuort, rop de pappegaai: 'De lichte breaën moatte efter yn 'e oven!' Doe krigen de komizen der erch yn—se hellen de hiele oven leech, en ja, doe wienen de efterste breaën te licht.

Onderwerp

VDK 0237A* - De lichte broden    VDK 0237A* - De lichte broden   

Beschrijving

Vroeger kwam bij de bakker een commissie langs om het gewicht van het brood te controleren. Dit moest vier pond wegen. Er was een bakker wiens broden het gewicht niet altijd hadden. Toen hij dacht dat de commissie langs zou komen, gaf hij zijn knecht de opdracht de te lichte broden achter in de oven te leggen. De bakker had een papegaai die kon praten. De commissie kwam en keurde de broden goed, maar juist toen ze weg wilde gaan riep de papegaai dat de lichte broden achter in de over lagen. Deze werden inderdaad te licht bevonden.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p.407

Commentaar

25 maart 1976
De lichte broden

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20