Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE438 - Pompe Bliksem

Een mop (boek), zaterdag 16 oktober 1971

Hoofdtekst

Pompe bliksem
Der hat ris in skipper west, dy hie it net rûm. Syn skipke lekte as in tjems. No hienen se in pappegaai oan board en dy wie wat wreed foar de bek. Op in kear dat er wer gâns in steal wetter yn it skip kommen seach, sei er tsjin 'e feint: 'Pompe bliksem, pompe bliksem!' Hy wie deabenaud, dat it skip sinke soe.
It waard slimmer mei it lekken; it koe sa net langer, dat de skipper moast hellingje. Mar hy siet yn 'e jildpine, dat doe soe de pappegaai dan mar fuort. Tafallich wie der in dominy, dy hie wakker nocht oan 'e pappegaai en dy koft him.
Doe tocht dominy, no moat er by my ek prate—dêr hie er him op 't lêst foar koft. En hy hie ek leafst dat er dan wat skiklik praat hie, dat pas joech yn in pastorij. Ik moat mar wat mei him oefenje, tocht er. Dat hy gong foar him stean, hast alle dagen, en dan frege er: 'Hoe ken men zalig worden? Hoe ken men zalig worden?' Mar noait woe dy pappegaai prate, dy moast dêr earst wenne, it wie ek sa'n grutte omsetting—út it neare foarûnderke yn in fjild fan in keamer.
Mar op in kear stie dominy wer foar de kouwe: 'Hoe ken men zalig worden?'
'Pompe bliksem!' rôp de pappegaai.

Onderwerp

VDK 0237C* - "Pompen!"    VDK 0237C* - "Pompen!"   

Beschrijving

Een schipper heeft het niet breed. Zijn schip lekt en toen het een keer vol water stond was zijn papegaai bang dat ze zouden zinken en riep: 'pompe bliksem'. Uiteindelijk moet het schip worden hersteld en omdat de schipper in geldnood zit verkoopt hij de papegaai aan een dominee. Deze heeft er een nodig voor zijn pastorij om iets schikkelijks te zeggen. De eerste tijd zegt de papegaai niets maar wanneer hij gewend is antwoordt hij op de vraag 'hoe kan men zalig worden', 'pompe bliksem'.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p.407

Commentaar

16 oktober 1971
" Pompen!"

Naam Overig in Tekst

pompe bliksem    pompe bliksem   

hoe kan men zalig worden    hoe kan men zalig worden   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20