Hoofdtekst
Geestelijk leven
Dikke Jurjen van der Leest, dat wie in winkelman hjir by ús. It wie al in jierrich man, doe't wy by him kamen. Yn 'e winkel hie er in pappegaai en dy hie er fan alles leard en net inkeld wat goed wie. As der ien yn 'e winkel kaam, den rôp dy pappegaai: 'Dikkop, dikkop!' Ek wol ris: 'Dikkop, bist kâld?'De lju wisten dat wol en dy laken der wat om.
Mar doe kaam der in nije dominy. Dat wie in swier, geset man en dêr hie er in holle neffens. De nije dominy kaam al ridlik gau by Jurjen op húsbesyk. Hy stapte de winkel yn, de winterjas oan, hoewol't it sintsje lekker skynde. Dominy wie noch mar amper oer de drompel, doe rôp de pappegaai: 'Dikkop, bist kâld?' Dit giet my te fier, tocht Jurjen, ik wit net, oft ik dat ding wol hâlde kin.
No hat men lju, dy lige of fantasearje altyd. As se tafallich de wierheid sizze, krije se in kleur. Sa wie Jurjen no net, mar hy stâlde wol ris ien. En de oare deis fertelde er: 'Ik kaam fan 'e moarn yn 'e winkel, en wet tinke jimme, dat dy pappegaai my frege? Hy sei: Hoe staat het met het geestelijk leven, van der Leest? No, doe gong it my hielendal te fier'.

Beschrijving
Dikke Jurjen van de Leest is winkelier. Hij is al oud en heeft een papegaai die 'dikkop, dikkop' of 'dikkop, heb je het koud' roept als er iemand binnenkomt. Iedereen moet erom lachen. Dan komt er een nieuwe dominee, die zwaar en gezet is. Met zijn winterjas aan komt hij de winkel binnen, ook al schijnt de zon lekker. De papegaai roept: dikkop, heb je het koud? Dit gaat Jurjen te ver. Later vertelt Jurjen aan iemand anders dat toen hij in de winkel kwam de papegaai hem had gevraagd hoe het met zijn geestelijk leven stond. Dat ging Jurjen helemaal te ver.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Friyske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p.408
Commentaar
23 november 1978
Naam Overig in Tekst
Dikke Jurjen van de Leest   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20