Hoofdtekst
Hinnedong
Jasper Poal en Timen Pama, hjir fan 'e Grinzer Pein, dat wienen keaplju en in pear dolle hearen. Se kamen oeral, Fryslân yn, Grinslân yn en Drinte yn. De mannen dienen in protte yn skiep. Se reizgen de merken lâns. Op in kear kamen se yn Zweelo en dêr rûnen se de herbergen ôf, want se mochten graach in buorreltsje, mar dan leafst ien dêr't se op traktearre waarden. De measte kastleinen mochten der wol oer, as Timen en Jasper yn 'e jachtweide sieten, want dy brochten yn elk gefal libben yn 'e brouwerij.
Sa kamen se doe ek yn in kafee, dêr rôp de kastlein har, sa gau as se de doer opdienen, temjitte: 'Dag kooplui!' Der sieten in pear Drintske boerkes by de tafel en dy fregen: 'Binn'n ie kooplui?' 'Ja', seinen Jasper en Timen. Doe woe ien fan dy boerkes witte, wêr't se yn hannelen. 'In kippemest', sei Jasper. Dat wie net sa, mar se hienen noch altyd toarst en Jasper rûkte de hinneboeren.
Oft hinnedong dan wearde hie, frege de iene boer. Ja, sei Jasper, twa sinten de
kilo, en by grutte partyen joegen se in sint mear Doe seinen dy boeren tsjin 'e kastlein: 'Sloa die mann'n 'n borrel oet!'
Jasper en Timen hienen de romer gau-eftich leech en krigen der wer ien yn. It wienen beide hinneboeren, sjoch. 'sat is ek tafallich!' sei Jasper.
Dy boeren hienen grutte nusten hinnedong sitten en dêr rekken se oer oan 't hantsjebakken. Doe't de beide keaplju yn hinnedong genôch slokjes yn 't boarst hienen, neffens har eigen sin, kocht Jasper de partij, foar trije sinten de kilo.
Se soenen opstappe, mar doe frege er, oft se ek hoannen by de hinnen hienen? Ja, seinen de boeren, dat hienen se.
'Dan kanne we se niet gebruke', sei Jasper, 'we moete pure kippemest hebbe. Bedankt foor de borrel'.
In ferhaaltsje? Jasper en Timen fertelden it beide foar wier.

Onderwerp
VDK 1546A* - Alleen kippenmest   
Beschrijving
Jaspel Poal en Timen Pama van de Groningse Pein zijn kooplui en bezoeken in Friesland, Groningen en Drente met hun schapen markten. Ze lusten graag een borreltje en als ze in Zweelo zijn gaan ze naar een café om een borreltje van anderen te krijgen. Wanneer de kippenboeren horen dat ze kooplui zijn, vragen ze in wat. Jasper en Timen ruiken hun kans schoon en zeggen dat ze in kippenmest handelen. Het is twee cent per kilo waard en bij grote hoeveelheden meer. Ze worden getrakteerd op meer borrels en als ze genoeg hebben gedronken koopt Jasper een partij voor drie cent per kilo. Vlak voordat ze weggaan vraagt hij of de boeren ook hanen heeft. Ja, zeggen ze. Dan ziet Jasper ervanaf, want hij heeft pure kippenmest nodig en bedankt de boeren voor de borrel.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 409
Commentaar
29 februari 1972 en 9 mei 1973
Alleen kippenmest
Naam Overig in Tekst
Jasper Poal   
Timen Pama   
Groningse Pein   
Naam Locatie in Tekst
Friesland   
Groningen   
Drente   
Zweeloo   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20