Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE443 - De Tsjommer toer

Een mop (boek), dinsdag 07 november 1972

Hoofdtekst

De Tsjommer toer
Twa man sieten yn it stasionskofjehûs, dat seach moai sa op Tsjom oan. Se praten wat oer dy hege Tsjommer toer. De iene sei: 'As er omfalt, dan falt er nei 't westen'. 'Nee', bewearde de oare, 'as er omfalt, dan falt er nei 't easten'. 'Wedzje?' Dat gong oan, om in flesse wyn.
'Wêr ha jim it sa drok oer?' frege de kastlein.
'No, wy hawwe in weddenskip om in flesse wyn'.
'Oh, sil'k den de flesse mar bringe?'
Ja, dat wie goed. 'Proast!' 'Op jo sûnens!'
De flesse wyn wie al aardich beklonken, doe sei de kastlein: 'Ik woe, as ik net ûnbeskieden bin, wol ris witte, wêr't jim no om wedde ha'.
'Wel, myn maat seit, as de Tsjommer toer omfalt, dan falt er nei 't westen, mar ik sis: as er omfalt, den falt er nei 't easten. Wy sille wol sjen'.
Mar ja, de Tsjommer toer stiet noch altyd oerein. Oft de kastlein ek noch op 'e ôfrekken fan syn flesse wyn wachtet, dat wit ik net.

Onderwerp

VDK 1526A** - Wachten tot de toren valt    VDK 1526A** - Wachten tot de toren valt   

Beschrijving

Twee mannen zitten in een stationskoffiehuis dat uitziet op Tzum en praten over de toren van Tzum. Ze sluiten een weddenschap om een fles wijn af welke kant de toren op valt als hij omvalt: het westen of oosten. Ze drinken alvast de fles wijn en als deze al aardig leeg is vertellen ze de kastelein waar de weddenschap over gaat. Het is onbekend of de fles al betaald is en de toren staat nog steeds overeind.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p.410

Commentaar

7 november 1972
Wachten tot de toren valt

Naam Locatie in Tekst

Tzum    Tzum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20