Hoofdtekst
Stean litte
Op in pleats hjirre wenne foarhinne in Rindert Sipkes. It wie in grutte boupleats en de man hie in pear feinten en in pear arbeiders. It wie yn'e winter en se wienen oan 't terskjen. En doe sieten se de moarns meiïnoar by de tafel te kofjedrinken. Se hienen doedestiids grutte boltsjes en Iytse boltsjes. Allegear hienen se in grut boltsje, allinne de lytsfeint hie in Iyts boltsje krige. De oaren ieten harres op, en doe sei de boerinne tsjin'e lytsfeint: 'No leave, silstú dyn boltsje net opite?' 'Nee', sei er, 'ik wol 't stean litte'. 'Wêrom wolstû dat stean litte?' 'Ik wol 't salang stean litte, dat it like grut is as jimmes'.

Beschrijving
Rindert Sipkes woonde voorheen op een grote bouwplaats. Hij had een paar knechten en arbeiders. Het was winter en na het dorsen gingen ze samen koffiedrinken. Iedereen had een groot kopje, behalve de jongste boerenknecht. Als iedereen zijn koffie op heeft, is alleen het kopje van de jongste knecht nog vol. Op de vraag van de boerin waarom hij het wil laten staan, zegt hij dat hij het net zolang wil laten staan totdat het even groot is als de rest van de kopjes.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 410
Commentaar
18 oktober 1978 en 2 november 1978
Naam Overig in Tekst
Rindert Sipkes   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20