Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE449 - De modderpriuwer

Een mop (boek), zaterdag 02 september 1978

Hoofdtekst

De modderpriuwer
Skippers op see dy leadzje faak. As se witte wolle, wêr't se binne, den goaie se in djiplead, in peillead yn 't wetter. Sa'n lead is faak wat hol fan ûnderen en den bliuwt dêr in bytsje modder oan sitten. Dêr kinne se oan sjen, hokfoar grûn as se boppe binne. Doe wie der in skipper, dy plichte de finger even troch de modder oan it lead te heljen: hy preau even en dan koe er presys sizze, wêr't er wie. Sa bekend wie dy man mei de Sudersee, of it Waad, of de Noardsee—wêr't se mar foeren.
Doe tocht de skippersfeint, ik wol doch ris besykje, oft ik him ek te fiter hawwe kin. Hy wie oan 't jirpelskilen en doe moast der wer peild wurde. Hy smarde in bytsje fan 'e klaai dy't oan 'e jirpels siet oan it peillead en dat brocht er de skipper. 'Sjoch, it peillead'. De skipper preau efkes. Hy begûn rear mei de eagen te draaien. 'Mar no is 't net bêst!' rop en 'No is 't net bêst—hiele Fryslân sties ûnder wetter en wy farre krekt boppe Jentsje Algra syn Seize!'

Beschrijving

Als schippers op zee willen weten waar ze zijn, gooien ze een peillood uit en aan de hand van de achtergebleven modder bepalen ze hoever ze boven de grond zijn. Er is een schipper die met zijn vinger door de modder gaat, het proeft en dan zeggen waar ze zijn. Hij is zo zeer bekend met de Zuiderzee, Wadden en de Noordzee. Zijn schippersknecht wil kijken of hij hem kan bedonderen en doet wat klei van een aardappel aan het peillood. De schipper zegt vervolgens dat het niet goed is en heel Friesland onder water staat en ze varen juist boven Jentsje Algra zijn land.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p.413

Commentaar

2 september 1978
Van zijn grootvader.

Naam Overig in Tekst

Jentsje Algra    Jentsje Algra   

Naam Locatie in Tekst

Zuiderzee    Zuiderzee   

Noordzee    Noordzee   

Wadden    Wadden   

Friesland    Friesland   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20