Hoofdtekst
Ynlade!
By de Weinterperwei lâns soe in nij fytspaad oanlein wurde en dêr leinen steapels tegels. Doe wie der in keardeltsje, dy koe thús skoan in protsje tegels brûke. Hy ried der mei de auto hinne en gong by in bult tegels stean en lade mar raak yn 'e kofferbak. Wylst er dêr oan 't laden wie, seach er yn 'e fierte polysjes oankommen, en yn pleats fan troch te laden begûn er de tegels út 'e kofferbak wer by de dikke bult te setten. De polysjes bleauwen by him stean.
'Wat is dit?'fregen se.
Hy sei: 'No, ik hie thús in steal fan dy tegels oerhâlden en dêr bin 'k ferlegen mei; ik kin se net brûke. Dat ik tocht, ik set se hjir mar del'
'Ja mar, gjin sprake fan!'sei de polysje. 'Meinimme! Yn 'e auto lade. Wy wolle se hjir net hâlde!'
De man begun wer yn te laden.

Onderwerp
TM 6048 - Tegels laden   
Beschrijving
Langs de Weinterperweg moet een fietspad worden aangelegd en de tegels hiervoor op stapels klaar. Een man heeft thuis tegels nodig en gaat ze van deze stapels in zijn auto laden. Als hij politie aan ziet komen laadt hij ze weer uit en zegt ze dat hij ze thuis overgehouden heeft en ze kwijt wil. Hierop sommeert de politie de tegels weer in te laden. De man doet dit.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge, Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p.417
Commentaar
24 november 1977
Tegels laden
Naam Locatie in Tekst
Weinterperwei   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20