Hoofdtekst
De basisopstelling
Der wie ris in pastoar, dy die altyd sa geheimsinnich oer syn kontakten mei de oare wrâld. Krekt as koe er dêr wol wat oer gewaar wurde en prate er wol ris mei ús leaven Hear. Syn parochianen leauden ek min ofte mear, wat er dêroer sei .
Doe kaam der in kear in fuotballer by him, in goede fuotballer, en dy sei tsjin him: 'Mynhear pastoar, no soe ik ien ding wol graach witte wolle. Sjoch, it fuotbaljen is eigentlik myn hiele libben. Hoe sit dat no, kinne wy yn it hjirneimels ek fuotbalje?' 'No', sei de pastoar, 'der kin ik jo dalik gjin antwurd op jaan, mar ik sil wol even kontakt opnimme en dan fertel ik it jo wol'.
Dat wie de sneins en de tiisdeis kaam de fuotballer al wer by de pastoar: 'Mynhear pastoar, ha jo al kontakt hân?' 'Ja', wie it antwurd, 'dat ha 'k. En no ha 'k twa boadskippen foar jo. It iene is goed nijs en it oare is eigentlik wat minder moai. Ik sil mar mei it goede begjinne—yn it hjirneimels wurdt ek fuotballe'.
'En it oare, wat is dat dan?'
'Jo steane takomme snein al yn 'e basisopstelling'.

Beschrijving
Een pastoor heeft contact met de andere wereld, maar doet er heel geheimzinnig over. De parochianen geloven hem min of meer. Een voetballer vraagt op een zondag of je in de hemel ook kan voetballen. De pastoor neemt contact op met de hemel en als de voetballer dinsdag weer komt, heeft hij goed en slecht nieuws. Het goede nieuws is dat er ook gevoetbald wordt en het slechte is dat de voetballer aankomende zondag al in de basisopstelling staat.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p.421
Commentaar
16 oktober 1978
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20