Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE464 - Efterstefoarst

Een broodjeaapverhaal (boek), zaterdag 02 september 1978

Hoofdtekst

Efterstefoarst
Dat fan dy fint op'e motor? Dat ferhaal is al sa âld. Oan'e kant fan'e dyk stie ien te liften en doe stoppe der in motor. 'Do kinst wol mei my ride!' Dy fint stie dêr yn syn kolbertjaske. Hy sei: 'No nee, dat is my eigentlik te kâld, want it waait der' sa by yn'. 'Soe 't net wat tafalle?' frege de motorrider. 'Witst wat, doch dat jaske efterstefoarst oan, den waait it der net by yn en dan kinsto wol met'. Sa rekke dy oare efter op 'e motor en dat wie fiks de gong der yn, aldersnijsumst, ek yn 'e bochten. Op in stuit seach de motorrider efterom en doe miste er syn duopassagier. Hy tocht, dit is net bêst! Dat hy werom.
It duorre net lang, doe seach er it al. Dêr lei ien oer'e grûn en in protte minsken der omhinne. Hy tocht: mar net tefolle sizze—der earst mar ris foarsichtich nei fernimme, hoe'st it gongen is. Hy fielde him skurf, omdat er te hurd flein hie. 'Hoe liket it—libbet er noch?' 'No', seinen se, 'earst al, doe't wy by him kamen, mar doe siet de holle der ferkeardom op. Wy ha him rjocht draaid, en no sit der gjin libben mear yn!'

Onderwerp

TM 6021 - Dood van een motorrijder    TM 6021 - Dood van een motorrijder   

Beschrijving

Een man staat te liften op een dijk en een motorrijder biedt hem een lift aan. De motorrijder weet hem te overtuigen door te zeggen dat de man minder last heeft van de wind als hij zijn colbertjasje achterstevoren aandoet. Onderweg merkt hij dat de medepassagier weg is en en vindt hem langs de kant van de weg terug. Van de omstander verneemt hij dat de man dood is gegaan nadat ze zijn hoofd hadden recht gezet. Dat stond de verkeerde kant op.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.)1979, p.421

Commentaar

2 september 1978
Dood van een motorrijder

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20