Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE465 - Feillich ferkear

Een mop (boek), maandag 16 oktober 1978

Hoofdtekst

Feilich ferkear
Ut en troch is der sa'n feilichferkearsaksje en dan jouwe se ek wol ris in beleanning, wannear't immen salang sûnder fouten rydt. Sa rieden der ris in man en frou mei in soantsje efteryn troch Amsterdam. Op in stuit krigen se in oare auto efter har en dat wie in polysjewein. Se sille de dingen dêr't dat oan te sjen is, der wol safolle mooglik ôf dien ha. Oft de man yn 'e oare auto der erch yn hie of net, wit ik net, mar yn alle gefallen, hy ried in healoere lang troch de stêd sûnder ien fout te meitsjen. Doe helle de polysjeauto him yn en joech in stopteken. Ien fan 'e polysjemannen sei: 'Wy meie jo lokwinskje en wy wolle jo in beleanning jaan—sa en sa. Dat wy woenen graach witte, wa't jo binne. Meie wy jo rydbewiis even sjen?' 'Och heden', sei de man, 'dat sille jo altyd ha—in fearnsjier lyn ha se my it rydbewiis al ûntsein'. 'Ei, do grutte koalle', sei de frou,'do ek altyd mei dyn dronkene kont efter it stjoer!' 'Ja', sei de jonge efter yn 'e auto, 'no bin ik in kear mei heit en mem út te riden, wy ha in hiele moaie auto stellen, en no krije wy dit gedonder wer'.

Beschrijving

Tijdens een veiligverkeersactie beloont de politie een automobilist die foutloos rijdt. Een man, vrouw en jongen achterin rijden foutloos door Amsterdam. De politie houdt ze staande en wil weten wie hij is om de man de belonen. Als ze naar het rijbewijs vragen, blijkt dat deze al een kwartaal geleden is ingenomen. De vrouw zegt: jij ook altijd met je dronken kop en de jongen zegt: ben ik een keer met mijn ouders in een gestolen auto aan het rijden, dan krijgen we dit weer.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p.422

Commentaar

16 oktober 1978

Naam Locatie in Tekst

Amsterdam    Amsterdam   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20