Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE466 - It blaaspypke

Een mop (boek), dinsdag 11 oktober 1977

Hoofdtekst

It blaaspypke
Der wie ris kontrôle op it alkoholgebrûk fan autoriders. Doe waard der ek in auto oanhâlden, dêr sieten in man en frou yn mei in lyts bern. De polysjes rûkten wat alkohol en se fregen de man, dy't efter it stjoer siet, oft er efkes yn 't pypke blaze woe. It pypke sloech oan en se moasten de auto stean litte. 'Dat is in minne goai', seinen se, 'wy sitte mei dat lytse bern'. De man hie noch al wat spats; hy sei: 'Dy hiele pypkeblazerij fan jim dêr ha 'k neat foar op 'e rekken. Ik bin sa nochteren as wat'. 'Wat tochten jo dan', seinen dy polysjes, 'dat wy mei rommel op 'e dyk komme? Utstappe!' 'No', sei de man, 'nim dan earst de proef noch ris mei it lyts bern'. Dêr gongen se op yn. Se krigen it safier, dat it blaasde. Ja, dat bern blaasde ek alkohol! 'Wat tinke jimme no', sei de man, 'dat wy sa'n lyts bern oan 'e drank ha!'
'Ja, ja', seinen de polysjes, en se mûskoppen efkes meiïnoar. 'Ryd mar troch. Dit spul doocht net, dat sille wy earst mar ris ûndersykje litte'.
Se rieden fuort. Doe sei dy man tsjin syn frou: 'Dêr wienen wy efkes fortúnlik -dat wy it bern in leppelfol brandewyn ynjûn hienen om it fester sliepe te litten!'

Beschrijving

De politie houdt alcoholcontrole onder automobilisten. Een man, vrouw en klein kind worden aangehouden en als ze alcohol ruiken moet de man in het pijpje blazen, wat uitslaat. Ze moeten de auto laten staan. De man verzet zich hiertegen en stelt de werking van het pijpje in twijfel. Hij overtuigt de politie de proef ook bij het kind te doen. Als deze ook positief is mogen ze doorrijden en de politie vertrouwt het pijpje niet. Ze hebben geluk gehad, omdat ze wat brandewijn aan het kind hebben gegeven om hem vaster te laten slapen.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p.422

Commentaar

11 oktober 1977

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20