Hoofdtekst
Skoanheit en dy brochten altyd geregeld turf nei Burgumerheide. Dêr hienen se fêste klanten sitten. Sy hienen dan in fuorman dy brocht de turf op 'e wein nei de minsken ta. Dy fuorman hie in bern, dat wie sa'n skroedtsje. Dat tsjirme, 't siet yn 'e pogge. It gûlde altyd.
Doe gong dy fuorman op in kear nei Wopke fan Kûkherne ta.
Wopke sei, dat bern wie bitsjoend. Sy moesten it kessentsje mar ris leech meitsje, dan soenen se dêr in krâns yn fine. Wie dy krâns kant en klear, dan wie 't bern dea.
Wopke joech de fuorman guod foar it bern mei.
It kessentsje dêr't it bern op sliepte woarde leech helle en der kaem in krâns út, mar dy wie noch net ôfmakke. Sy joegen it bern guod yn fan Wopke, mar it holp neat. It bern bleau like gammel.
Doe wer nei Wopke ta. "Hoe kin dit?" frege de fuorman. Wopke sei: "Der matte fremde egen oer 't guod gien wêze. Ha jim 't kaeisgat fan 'e doar net ticht dien?"
"Né", sei de fuorman.
"Nou," sei Wopke, "hjir is oar guod. Brûk dat foar 't bern, mar tink der om, doch it kaeisgat ticht. Hwant dêr kin fan alles troch komme."
Dat ha se doe dien, sy hat it bern de oare medesinen jown, en 't duorre net mâlle lang, doe wie 't bern wer better.

Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
Beschrijving
Een ziek kind blijkt betoverd. Wopke de duivelbanner raadt de vader van het kind aan het kussen te onderzoeken op heksenkransen. Als de krans helemaal af is, sterft het kind, aldus Wopke. De krans blijkt nog niet volledig te zijn. De vader geeft het kind een door Wopke verstrekt medicijn, maar het kind geneest niet. Wopke verklaart dat er 'vreemde ogen' over het goedje gegaan moeten zijn. Wopke geeft een nieuw medicijn mee en drukt de vader op het hart het sleutelgat dicht te maken. De vader volgt Wopkes raad op en het kind geneest.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 509, verhaal 1 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
12 oktober 1968
Heks maakt kind (mens) ziek
Naam Overig in Tekst
Wopke   
Naam Locatie in Tekst
Burgumerheide   
Kûkherne   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21