Hoofdtekst
Der wenne ergens in skuonmakker, dy wie bang foar neat. Hy plichte to sizzen: "Foar de duvel bin 'k ek net bang."
Der wienen guon, dy woenen him wolris bang meitsje en doe fregen se him of er wol in nacht by in lyk trochbringe doarst. Dat lyk stie yn in great hûs. Hy moest der by wekje.
"Wis, doar ik dat wol", sei de skuonmakker. "Wol by fyftich. Dêr jow ik neat om. Hwant hwa't ienkear dea is, bliuwt wol dea."
Doe kom de skuonmakker yn in great hûs. Dêr stie in kiste yn. Dêr siet it lyk yn, seinen se.
De skuonmakker hie syn ark meinom en in kears. Hy bigoun ivrich mei syn wurk. Doe't er dêr al gâns in skoft mei oan 'e gong west hie, gong ynienen it lid fan 'e kiste omheech en riisde der ien heal oerein. Hwant sy hienen net in lyk yn 'e kiste dien.
Mar de skuonmakker komt ek oerein. Hy rint op 'e kiste ta en slacht deselde dy't der yn sit fuort de harsens yn.
"Alles wat dood is zal ook dood blijven", seit er, en hy docht it lid wer op 'e kiste.

Onderwerp
AT 1711* - A Wood-cutter does not Fear the Dead   
ATU 1711* - The Brave Shoemaker   
Beschrijving
Een schoenmaker is nergens bang voor, ook niet voor de duivel. Mensen wil hem een keer bang maken en vragen hem een keer 's nacht in een huis bij een lijk door te brengen. De schoenmaker stemt toe want wat dood is, blijft dood. Als de man al een tijdje aan het werk is bij de kist, gaat de deksel opeens open en komt iemand overeind. Ze hebben geen lijk in de kist gedaan. De schoenmaker staat echter ook op, gaat naar de kist en slaat de degene die erin zit de hersens in al zeggende dat alles wat dood is ook dood zal blijven. De deksel doet hij weer op de kist.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 619, verhaal 4
Commentaar
3 april 1969
A Wood-cutter does not Fear the Dead
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21