Hoofdtekst
Der wienen in boer en in frou en in feint en in faem.
De boer wie mei de feint op it lân oan 't freedzjen. It frear ta en de boer sei: "Hwat wurde my de hannen kâld."
Hy sei tsjin 't feintsje: "Gean dû us even nei hûs ta en helje myn moffen op."
"Goed", sei de feint.
Doe't er by de frou en de faem kom, sei er tsjin dy beiden: "De boer hat sein, ik moest jimme allebeide in tútsje jaen."
Dêr woenen dy froulju neat fan leauwe. "Dat bitinkst sels mar", seinen se.
Hy sei: "Kom dan mei nei bûten ta." De froulju gongen mei en doe raesde er wit hoe lûd mei beide hannen om de mûle hinne: "Nou, boer, ien of allebeide?"
En de boer raesde werom: "Allebeide, domme duvel!"
Doe moesten de froulju it wol leauwe en doe koed er syn gong gean.

Onderwerp
AT 1563 - "Both?"   
ATU 1563 - “Both?”   
Beschrijving
Een boer en een knecht zijn op het land aan het werk. Het vriest en omdat de boer koude handen krijgt stuurt hij zijn knecht naar huis om wanten te halen. De knecht zegt de boerin en meid dat hij beide van de boer moet gebruiken. Als bewijs vraagt hij en nog eens aan de boer die antwoord 'allebei, domme duivel' en daarna kan hij zijn gang gaan.
Bron
Collectie Jaarsma: verslag 637, verhaal 7
Motief
K1354.1 - ”Both?“   
Commentaar
24 maart 1969
"Both?"
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21