Hoofdtekst
Der wie in doomny, dy wie by de pastoar to praten.
De pastoar sei, hja as katholiken leefden folle reiner as de doomnys.
"Dat leau ik samar net," sei de doomny, "ik ha 't wolris oars heard."
"Ik ha hjir in jonge húshâldster," sei de pastoar, "en dêr kom ik noait oan."
"Hwer sliepe jo eins?" frege de doomny him.
De pastoar wiisde 't him oan.
"En hwer slept jou húshâldster?" frege er.
Dat wiisde de pastoar èk oan.
De doomny tocht: "Hjir wol 'k mear fan wite." Hy pakt stikum in glêzen steltsje fan 'e kast en dat leit er op 'e pastoar syn bêd, ûnder 'e tekkens.
Nei trije dagen krige de doomny in brief fan 'e pastoar.
Sûnt de doomny dêr west hie, stie dêryn, wie it steltsje fuort.
Doe gong de doomny wer nei de pasterije fan 'e pastoar ta en sei: "Sjoch ris, mynhear de pastoar, "dat steltsje ha 'k net stellen. Abslút net. Kom mar ris even mei, dan sil 'k jo sizze hwer't it is."
Hy goaide de tekkens omheech yn 'e sliepkeamer fan 'e pastoar.
"Sjoch, mynhear de pastoar," sei er, "dêr leit jou steltsje. Ik miende," sei er, "dat jo noait oan 'e froulju kommen. Ik ha jo dat ûntstriden. Sjogge jo nou wol, dat ik gelyk hie?"

Onderwerp
AT 1842C* - The Rector's Nights   
ATU 1842C* - The Clergyman’s Nights.   
Beschrijving
Een dominee was eens bij een pastoor op bezoek. De pastoor meende dat hij als katholiek veel reiner leefde dan de dominee. Hij beweerde nooit aan zijn jonge huishoudster te komen. De dominee besloot een glazen kooktoestel uit de kast te halen, en in het bed van de pastoor te leggen. Een paar dagen later zei de pastoor dat sinds het bezoek van de dominee, hij zijn kooktoestel kwijt was. De dominee vertelde dat hij het in zijn bed had gelegd en hij zei: "Zie je nu wel dat ik gelijk heb?"
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 647, verhaal 2
Commentaar
24 april 1969
The Rector's Nights
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21