Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ065414

Een sage (mondeling), woensdag 25 mei 1966

Hoofdtekst

Yn 'e Harkema wenne in man, dy hiet fan Jelle. Hy wenne oan 'e Nije Wei. Hy wie noch mar krekt troud as hy moest der op út to baggeljen nei Stêdskanael, hwant der moest hwat fortsjinne wurde.
Sadwaende bleau it wiif allinne thús.
Nei seis wiken kom Jelle werom. Mar doe't er dan goed en wol thús wie woed er neat mei syn wyfke útheve. De hiele nacht net. Dat stie har fansels min oan en hja wie net bêst oer him to sprekken.
De oare moarns stienen se togearre bûtendoar. Hja hienen in keppeltsje hinnen mei in hoanne. Ien fan dy hinnen kom flak by de hoanne, mar de hoanne steurde him dêr net oan. Dy bleau gewoan yn 'e moude lizzen en bearde dat er de hin net seach.
Doe sei Jelle syn wyfke: "Heden, hastû soms ek yn Stêdskanael west?"


Beschrijving

Een pasgetrouwde man moest voor zes weken naar Stadskanaal om te werken. Toen hij terugkwam bij zijn vrouw, wilde hij heel de nacht niets met haar doen. Dat stond zijn vrouw niet aan. De volgende ochtend zagen ze samen hoe hun haan niet reageerde toen er een hen vlak bij hem kwam. De vrouw zei: "Heden, ben jij ook al in Stadskanaal geweest?"



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 654, verhaal 14

Commentaar

25 mei 1966

Naam Overig in Tekst

Jelle    Jelle   

Stêdskanael    Stêdskanael   

Naam Locatie in Tekst

Harkema    Harkema   

Nije Wei    Nije Wei   

Nieuwe Weg    Nieuwe Weg   

Stadskanaal    Stadskanaal   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21