Hoofdtekst
Pyt Felkers wennet yn Koartsweagen. Hy siet ris in kear yn 'e trein mei in stik of trije oaren. Hy wie wakker oan 't swetsen en opskeppen en flokken dat er die! Hy sei: "Ik wol de duvel joun ûntmoete!"
Yn Akkrum stapte er út 'e trein. Dêr moest er de polder yn - Doe't er op 'e rykswei kom seach er dêr in swart ding. Hy moest doe noch in ein rinne. Oan 'e kant fan 'e dyk lei in heapke stien dat útbrutsen wie út 'e wei. Dêr wie dat swarte ding by.
Hy soe der op goaije. Dat swarte ding hie in pear egen yn 'e kop sa gleon as fan in katûle.
Pyt Felkers pakt ien fan 'e stiennen en smyt dy dy kant út fan dat swarte ding. Hy wie net bang foar de duvel.
Mar doe't er dat dien hie, doe kom der in lûd út dat swarte ding as út in tonne. De man woarde doe sa bang, dat hy naeide hurd út. It swit roan him fan 'e hakken ôf. En hy skiet fan bangens yn 'e broek.
In eintsje fierder hie hy de duvel op 'e hakken. Doe gong er oer de heabrêge op 'e polderdyk. Dêr sprong er oer de hekke hinne.
Doe wie de duvel dêr ek by de hekke. De duvel lei de poaten op 'e hekke en sa bleau er lizzen.
Doe kom Pyt by syn heit thús. Hy kloppe op 'e glêzen en sei: "Doch de doar iepen." Doe fortelde er syn heit hwat er sjoen hie.
Doe't er yn 'e hûs wie stienen de stelten op 'e kast to triljen - Doe't er alles forteld hie, sei syn heit: "Dû woest de duvel sjen, nou hast him dan foargoed sjoen."

Onderwerp
SINSAG 0917 - Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).   
Beschrijving
Een man was eens aan het vloeken en opscheppen en hij beweerde dat hij de duivel wel eens zou willen ontmoeten. Op de terugweg zag hij toen langs de dijk een zwart ding met een paar gloeiende ogen. Hij gooide er stenen naar, en het ding maakte een vreselijk geluid. De man was vreselijk bang en ging er snel vandoor. De duivel achtervolgde hem tot huis toe.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 677, verhaal 1
Commentaar
1 juli 1969
Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).
Naam Overig in Tekst
Pyt Felkers   
Naam Locatie in Tekst
Koartsweagen   
Akkrum   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21