Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ072203

Een sage (mondeling), zaterdag 02 augustus 1969

Hoofdtekst

Yn Dútslân wenne in boer, dy hie in mot mei biggen. Op in kear, doe woe de boer mei de feint it bargehok skjin meitsje, doe moest dy mot der even út. De boer liet de mot bûtendoar rinne. De feint sei: "Rint dy baerch net fuort?"
"Welné," sei de boer, "dy baerch bliuwt hjir wol, dy wol net by syn bichjes wei."
Mar dêr wie dy boer mis mei, hwant de baerch fleach fan 't hiem en sette it doarp yn.
De koster wie krekt dwaende yn 'e tsjerke de kachel oan to setten. Mar hy hie gjin lúsjefers by de hân, dat hy moest even nei hûs ta om guon to heljen. De doar fan 'e tsjerke liet er sa lang iepen stean.
Krekt kom de baerch der oan rinnen en dat sette ta de tsjerke yn. Doe't hy der goed en wol yn wie sloech de doar troch in wynpûster ticht.
De koster komt werom mei de lúsjefers, en dan heart er dêr dy baerch omwrotten yn 'e tsjerke. De baerch gnoarret en skeukt tsjin 'e banken oan en makket dêr gâns in stik leven. De koster wurdt bang en doart der net yn. Hy tinkt dat it de kweade is dêr yn 'e tsjerke.
Hy giet nei doomny ta. Hy fortelt him hwat er dêr yn 'e tsjerke heard hat. "Ik doar der net yn", seit er tsjin doomny. "Jo meije wol even mei komme."
De doomny giet mei. Mar dy bliuwt èk foar de doar stean. Beide hearre se it brommen en gnoarjen fan 'e baerch.
"Jo matte der yn," seit doomny tsjin 'e koster, "jo matte dêr de kachel oansette."
"Ik net," sei de koster, "dogge jo it mar."
Doomny docht op 't lêst de doar iepen, en seit: "Dan yn Gods namme." Hy der yn, mar folle hurder fljocht hy wer ta de tsjerke út, wylst er op 'e baerch sit. De baerch soe him tusken de skonken troch fleane, en sa wie hy der achterstofoar op tolânne kom.
Wylst er sa op 'e baerch ta de tsjerke út ried, rôp er de koster ta: "De groeten aan mijn broer en mijn zuster, want hij heeft mij al. (Hy miende dat it de duvel wie)
(Dit ha se my forteld yn Dútslân, yn Hessen Nassau)


Beschrijving

Een varken ontsnapte bij de boer en kwam in het dorp in de kerk terecht. De koster hoorde in de kerk een lawaai, en dacht dat het de duivel was. Hij haalde de dominee erbij. Die ging naar binnen, maar kwam op de rug van het varken meteen weer naar buiten. De koster dacht dat de dominee door de duivel werd meegenomen en riep hem achterna: "De groeten aan mijn broer en zuster, want hij heeft mij al."



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 722, verhaal 3

Commentaar

2 augustus 1969

Naam Overig in Tekst

Hessen Nassau    Hessen Nassau   

Naam Locatie in Tekst

Dútslân    Dútslân   

Duitsland    Duitsland   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21