Hoofdtekst
Der wie in dokter, dy hâldde in weddenskip mei in mier.
De mier moest in stik lân ôfmeane. Krige hy it der op dy en dy tiid ôf, dan wie 't de mier syn lân. Slagge dat nèt, dan wie 't de dokter sines.
Mar de mier koe tige meane. Dokter siet foar it glês to sjen. Doe't er seach dat de mier sa hurd avansearde, tocht er: "It giet der ôf."
Doe brocht dy dokter de mier hwat iten. Mar dêr hied er skytpoeijer trochhinne dien. Hy tocht, dan mat de mier sa faek út 'e broek, as er dat opyt, dan kin er net langer meane. Mar doe't dy mier fornom dat er mei de dongwein op 'e rin wie, strûpte er de broek út en it himd omheech en die al meanende syn bihoeften. Hy koe doe fuort achter de seine oan skite.
En hy krige it stik lân.

Onderwerp
VDK 1559E* - Maaiwedstrijd met purgeermiddel   
Beschrijving
Een dokter had een weddenschap met een maaier. Als de maaier voor een bepaalde tijd een stuk land zou hebben gemaaid, dan mocht hij het hebben. Om te zorgen dat het de maaier niet zou lukken, deed de dokter wat schijtpoeder door het eten van de maaier. Maar toen de maaier merkte dat hij aan de diarree was, deed hij zijn broek uit en ging hij gewoon door met maaien. Hij liet de boel gewoon lopen. Zo kreeg hij het stuk land.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 728, verhaal 2
Commentaar
6 augustus 1969
Maaiwedstrijd met purgeermiddel
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21