Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ072804

Een mop (mondeling), woensdag 06 augustus 1969

Hoofdtekst

Der wenne in feint by de boer, dat wie in tige luijen-ien. Hy sliepte yn 't achterhús, mar as er nachts pisje moest, wied er to lui om út bêd wei. Hy hie in gat yn 't mjilsket makke en dêr stiek er de kul troch en dêr pisse er dan trochhinne. Sa lui wied er. Alle moarnen lei der in poel wetter by de mjilgong.
Dy boer hie twa fammen en dy krigen dat yn 'e gaten. Sy tochten: dat sille wy dy luilak ôfleare.
Op in kear kochten se in grouwe snoek en dêr gongen se dy nachts mei nei 't bûthús ta. Se wachten krekt sa lang oant de feint pisje moest. Doe't er goed en wol de kul troch it gat hie dienen se de kop fan 'e snoek der omhinne en knypten goed ta.
Dat fielde dy feint wòl fansels. Hy tocht: dat docht de kat en rôp: "Kaets - kaets kat!"


Onderwerp

VDK 1686A* - Penis gevangen met snoekebek    VDK 1686A* - Penis gevangen met snoekebek   

ATU 1686A* - The Pike’s Mouth.    ATU 1686A* - The Pike’s Mouth.   

Beschrijving

Een knecht was zo lui dat als hij 's nachts moest plassen, hij zijn gelsachtsdeel door het schot stak, en zo naar buiten plaste. De meiden kregen dit door. Ze namen op een keer een grote snoek, en wachtten buiten net zolang totdat hij weer stond te plassen. Toen deden ze snel de snoek om zijn piemel. De knecht dacht dat het de kat was en riep: "Kaets – kaets, kat!"

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 728, verhaal 4

Commentaar

6 augustus 1969
Penis gevangen met snoekebek

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21