Hoofdtekst
Der wie in doomny, dy krige in nije feint. Doe't doomny him frege hoe't er hiet, sei er: "Vijf vingers in de maas."
Mefrou frege him ek nei syn namme, doe sei er: "Myn namme is: Kutje jeukt my."
En tsjin 'e dochter sei er: "Ik hyt 'Manneke, neuk my'."
Doe't dy jonge dêr in skoftsje west hie ûntstiel er de doomny hwat en hy naeide út.
Mar doe't doomny dy sneins in preek hâldde yn 'e tsjerke, siet dy jonge ek ûnder 'e taharkers.
De dochter murk him it earst op en dy joech har heit de wink en wylst se nei de jonge wiisde, sei se: "Manneke, neuk my."
Doe krige mefrou de jonge ek yn 't fezier en hja die krekt sa as de dochter en sy sei: "Kutje jeukt my."
Doe seach doomny him ek. Hy tocht, de jonge soe wol gau útnaeije en hy rôp fan 'e preekstoel ôf: "Wie Vijf vingers in de maas kan krijgen, wordt beloond met honderd gulden!"
Doe wie der in âld wyfke, dat rôp: "Doomny, ik ha der al fjouwer yn, mar de fyfte kin 'k der noait yn krije!"
Mar de jonge naeide gau út.

Onderwerp
AT 1545 - The Boy with Many Names   
ATU 1545 - The Boy with Many Names.   
Beschrijving
Een dominee had een nieuwe knecht. Tegen de dominee zei de knecht dat hij 'Vijf vingers in de maas' heette, tegen de domineesvrouw 'Kutje jeukt mij', en tegen de dochter 'Manneke, neuk mij'. Toen de dominee merkte dat de knecht iets gestolen had, gooide hij hem zijn huis uit. Die zondag zat de jongen in de kerk, en de dochter en de moeder noemden hem beiden bij de namen die hij hen verteld had. De dominee zei dat wie 'Vijf vingers in de maas' kon krijgen, beloond zou worden met honderd gulden. Toen kwam er een oud vrouwtje naar hem toe dat ze er al vier in kon krijgen, maar nog geen vijf.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 740, verhaal 3
Commentaar
7 augustus 1969
The Boy with Many Names
Naam Overig in Tekst
Vijf vingers in de maas; Manneke   
neuk mij; Kutje jeukt mij   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21