Hoofdtekst
Der wie in jonge boer, dy wie krekt troud. Hy rekke syn jonge frou noait oan en hy woe ek net lije, dat sy him oanrekke. Doe klage de jonge frou har need by syn mem.
Hja sei: "Hy komt der noait oan."
Doe sei har skoanmem: "Ik sil wolris mei him prate."
Sy sei tsjin har soan: "Jonge, astû noait in kear oan har komst, dan reitsje jim by elkoar wei; dan komt it net goed. Wier dit kin sa net."
"Ja, mar," sei de jonge boer, "ik wyt net hoe't ik der mei oan moat."
"Nou," sei syn mem, "dêr is suver gjin kunst oan. Dû hast doch wolris sjoen hoe't in houn it docht, net?"
Ja, dat hie er wolris sjoen.
"Nou, sa mastû it ek dwaen", sei syn mem.
De oare moarns kom it minske by har skoandochter.
"Hoe is 't gong fannacht?" frege se.
"Forskriklik," sei de jonge boerinne, "hy hat my de tekkens ôfsmiten, doe hat er my birûkt en doe hat er de skonk optild en tsjin 't bêd oanpisse."

Onderwerp
VDK 1693C* - Sex op z'n hondjes   
Beschrijving
Een boer is net getrouwd, maar weigert lichamelijk contact met zijn vrouw. De vrouw beklaagt zich bij zijn moeder die haar zoon erop aanspreekt. Hij zegt dat hij niet weet hoe het moet en zijn moeder beveelt hem sex op zijn hondjes aan. De volgende dag zegt haar schoondochter dat hij de dekens van haar heeft afgegooid, vervolgens aan haar heeft geroken en ten slotte zijn been heeft opgetild en tegen het bed heeft aangeplast.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 754, verhaal 5
Commentaar
23 september 1969
Sex op z'n hondjes
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21