Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ075909

Een sage (mondeling), woensdag 08 oktober 1969

Hoofdtekst

Yn Beets makken myn skoanâlden turf. Sy hienen in lânmjitter, dy bistiel harren geregeld. As se twintich roeden makke hienen, sei hy dat se sechstjin makke hienen. Dy fjouwer roeden wienen foar de lânmjitter-sels, dy stiel er. Boppedat wienen de lju ek noch forplichte har boadskippen by him to keapjen en dêr hat er har ek skandalich mei bidragen.
Doe forstoar dy lânmjitter. Hy waerd bigroeven.
De oare deis gongen de minsken wer oan 't wurk. Doe stie dy lânmjitter by de hekke. Mei de roede yn 'e hân.
Doe doarsten de minsken dêr net lâns. Mar doe wie der ien, dy teach de dryste skuon oan. Dy gong nei him ta en frege him hwat syn bigearte wie.
Doe frege dy lânmjitter him of se him forjaen woenen. En dat ha se doe dien en neitiid hat er him noait wer sjen litten.

Onderwerp

SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)    SINSAG 0402 - Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe)   

Beschrijving

In Beets maken mijn schoonouders turf en de landmeter bedondert ze vaak. De resterende roeden houdt hij voor zichzelf. Daarnaast is men verplicht boodschappen te kopen bij hem voor schandalige bedragen. Als hij sterft wordt hij begraven. De volgende dag staat de landmeter bij het hek met de roede in de hand. Als iemand hem vraagt wat het wil, zegt hij dat men hem moet vergeven. Als ze dat doen, zien ze hem nooit meer terug.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 759, verhaal 9

Commentaar

8 oktober 1969
Die versäumte Wallfahrt (Messe, Gabe).

Naam Locatie in Tekst

Beets    Beets   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21