Hoofdtekst
Swarte Jantsje fan 't Fliet (to Ljouwert) stie us in kear yn 'e winkel. Sy moest boadskippen helje. Elkenien hie hwat in hekel oan har omdat se altyd fan dat nuvere praet hie oer liken en lykstaesjes ensa. Elkenien - de winkelman ek - hie mar leafst dat se sa gau mooglik wer fuort gong. Doe't se dêr dy moarns yn 'e winkel stie wie dêr ek in frou. Dy seach se in skoft tige opmerksum oan en doe kearde se har om.
"Hwat mat Jantsje ha?" frege de winkelman - hy frege har foar har beurt om har mar kwyt to reitsjen.
Jantsje sei: "Help dizze frou earst even." Dat wie it minske dêr't se sa nei sjoen hie.
"Ja, sjoch," sei se, doe't it minske der út wie, "dat minske is binnen de trije dagen dea."
Binnen de trije dagen wie se dea. (It minske wurke by 't kantongerjocht. Der bruts in roede fan 'e trap. Hja stroffele, foel by de trappen del en wie dea)

Onderwerp
SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.   
Beschrijving
Zwarte Jantsje doet in de winkel boodschappen en kijkt een andere vrouw heel aandachtig aan. Ze praat altijd over doden en lijkstoeten. Als de vrouw geholpen is en de winkel uitloopt, zegt Jantsje dat ze binnen drie dagen dood is. Dit is ook zo, want in het kantongerecht valt ze van de trap en sterft.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 759, verhaal 10
Commentaar
8 oktober 1969
Andere Todesvorzeichen
Naam Overig in Tekst
Zwarte Jantsje   
Swarte Jantsje   
't Fliet   
Naam Locatie in Tekst
Ljouwert   
Leeuwarden   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21