Hoofdtekst
Der wie in nicht fan ús, dy hie in jonkje. Dat bern rekke siik. It gûlde en jammere altyd, it wie hast noait stil.
Doe seinen se: "Dat bern kin wolris bitsjoend wêze." Hwant dan raze de bern ek sa.
Doe gongen se mei 't jonkje nei Swarte Jantsje ta. Swarte Jantsje naem it jonkje op 'e skoat. Doe wie 't bern fuortdalik stil. Sadré se 't bern delsette, seach it nei de lampe, en dan gûlde er wer.
Myn nicht hie al nei dokter ta west, mar dêr hie se gjin baet foar it bern foun.
Jantsje sei: "It bern is bitsjoend. Alde Teatske sil 't wol dien ha. Dy komt wolris by jim net?"
Dat wie sa. Alde Teatske kaem dêr faek. Dan hie se 't jonkje op 'e skoat en dan joech se him in muntsje.
"Ja," sei Jantsje, "ik sjoch it wol. De frou dy't it bern bitsjoend hat, komt oars altyd by jimmes yn 'e hûs, mar dy komt der nou net wer yn. Sy ropt nou foar 't finster. Dan freget se hoe 't mei 't berntsje is." Doe hat se duveldrek ûnder 'e drompel lein.
Hja krige gelyk. Alde Teatske kom net mear oer de drompel, mar frege by 't finster nei 't jonkje.
Swarte Jantsje sei: "Ik krij 't bern wol wer goed, mar 't wurdt in swiere dobber."
Sy krige gelyk. In wike letter wie 't bern better. Mar Jantsje-sels wie bûnt en blau. Sa'n ynspanning hie 't har koste.
Mar hja sei: "Dat hie 'k der wol foar oer."

Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
Beschrijving
Een kind van mijn nicht wordt ziek en ze bezoekt Swarte Jantsje. Jantsje constateert dat het kind behekst is door oude Teatske. Teatske komt vaak op bezoek, neemt het kind op de schoot en geeft het een muntje. Jantsje zegt dat Teatske nu niet meer in huis komt en voor het raam blijft staan, omdat er duivelsdrek onder de drempel ligt. Dat klopt en het kind is na een week genezen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 759, verhaal 11
Commentaar
8 oktober 1969
Heks maakt kind (mens) ziek
Naam Overig in Tekst
Swarte Jantsje   
Zwarte Jantsje   
Alde Teatske   
Teatske   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21